De feroardering wurdt konform it útstel fêststeld. 8 Foarstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar de restauraasje en funksjewi- WWR ziging fan de eardere Menniste tsjerke te Wergea. Nei diskusje en ûnderbrekking wurde oangeande de hichte fan de gemeentlike bydrage twa tsjinútstellen yntsjinne: a. Utstel fan de FNP-fraksje om in stimulearringsbydrage fan 3.500,-- beskikber te stellen. Wurdt sûnder haadlike stimming fersmiten mei 14 stimmen tsjin en 1 foar; b. Utstel fan de mearderheid fan de fraksjes fan CDA, PVDA, VVD en GB2000 om 37.500,- beskikber te stellen as gemeentlike bydrage. Wurdt oannommen mei 12 stimmen foar en 3 tsjin. c. It útstel fan it kolleezje wurdt fersmiten mei 13 stimmen tsjin en 2 stimmen foar. 9 Foarstel ta it fêststellen fan it toeristysk rekreatyf fytspadenplan gemeente WWR Boarnsterhim. Der wurde twa amendeminten yntsjinne: a. De FNP-fraksje freget om 1) it fytspaad lâns de Snitser Aldfeart op te nimmen yn tabel 6.3 op side 28 fan it plan en 2) Raerd/Poppenwier te beneamen as lokaasje foar it transferium ynstee fan Akkrum of Grou of foegje dizze ta oan de trije al neamde plakken; b. De fraksjes fan GB2000, VVD en FNP stelle út om it fytspaad fan Grou nei Warten op te nimmen yn de prioriteitenlist fan it plan en de útwur- king der fan yn gearspraak mei de Wurkgroep Fytspad Leechlân op te pakken. Underdiel 2. fan it amendemint neamd ûnder a. ferfalt, nei in tasizzing fan it kolleezje hjiroer. Dit amendemint wurdt fierders sûnder haadlike stimming fersmiten mei allinne de stim fan de hear Janse foar. It amendemint neamd ûnder b. wurdt ynlutsen nei in tasizzing fan it kolleezje, dat ûndersocht wurde sil of 't it fytspaad tusken Grou en Warten dochs noch as toeristysk-rekreatyf fytspaad oanmerkt wurde kin. Fierders konform besletten. 10. Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it legalisearjen fan 2 Ijochtmêsten WWR op It Lange Ein 13 te Sibrandabuorren. Konform besletten. 11Foarstel om yn prinsipe meiwurking eks artikel 19, lid 1 WRO te ferlienen oan WWR de bou fan in nij skiphûs oan de Rjochte Grou, tsjin Oostergoo oer en it nim men fan in tariedingsbeslút. Konform besletten. 12. Foarstel ta it advisearjen oer de oanwizing mûnerestant yn de Lytse Saiter pol- WWR der by Warten ta ryksmonumint. Konform besletten. 13. Foarstel oangeande de facelift boartersfjild Tersoal. B&S Konform besletten. Side 2 beslutelist Rie 10 novimber 2003/szab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 48