BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 21 okto ber 2003 om 20.00 oere yn it Riedhûs te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen J. Roorda, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra fan GB2000: Mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N.Boringa, J. Hemminga en H.G. Postma fan de VVD: mefrou E. Verkerk en de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij, D. van der Meulen en G. de Jong f fan de FNP: de hearen A. Bijlsma en S.G. Janse De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou J. Bouma-van den Brink, mefrou K. van den Berg-Wiersma en de hear Y. Dijkstra Mei berjocht fan behindering ófwêzich: de hear H.A. Jonkers 1lepening. De foarsitter hjit alle oanwêzigen en de harkers fan de Boarnsterstim wolkom. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Postma: Punt 11 graach behannelje as B-stik. Janse: Wol graach de troch FNP yntsjinne moasje yn de gearkomste behannelje. De foarsitter: Punt 11 as B-stik en de moasje fan FNP (en VVD) oan de ein fan de wurklist be hannelje. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 16 septimber 2003. Soeten: Wol op side 3 taheakje: 'Soepel omgean mei (de betellingsterminen)'. De foarsitter: It ferslach wurdt mei dy wiziging fêststeld en goedkard. 5. Ynkommen stikken. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 6. Foarstel ta it beneamen fan in plakferfangend kommisjelid, it ûndersyk fan de betrou- wensbrieven en it beëdigjen fan it plakferfangend kommisjelid. De ried beslút by akklamaasje ta talitting. De foarsitter: Freget de hearen Janse, Roorda en mefrou Verkerk om as kommisje mei de griffier de betrouwensbrieven te ûndersykjen. Underbrekt dêrfoar de gearkomste. 04. Ferslach 21-10-2003/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 4