De foarsitter: lepent de gearkomste wer en freget mefrou Verkerk nei befining. Mefrou Verkerk: De kommisje hat de betrouwensbrieven yn oarder befûn. De foarsitter: Giet oer ta beneaming en beëdiging fan de hear S. van der Meer as plakferfangend lid. Lést de belofte yn it Nederlânsk foar. S. van der Meer: Dat verklaar en beloof ik. 7. Foarstel oangeande herikkere belied Doarpshuzen en in oanfoljende subsydzje foar doarpshûs It Kattehûs te Jirnsum De foarsitter: Wiist derop dat de foarsitter by dit foarstel wethâlder Jonkers ferfangt. Roorda: Fynt it in goed foarstel. Bringt it kolleezje en benammen wethâlder Jonkers tank foar de flotte fertaling fan de riedsbrede winsk. De doarpshuzen binne it klopjend hert fan it doarp. Dit stik is in wurdearring foar de bestjoerders en frijwilligers. It Kattehûs makket as earste gebrûk fan de nije regeling. Dat is terjochte foar de brede ynset en de multyfunksjonele opset dêr. Bijlsma: Kin him fine yn it subsydzjebelied. Lykwols muoite mei twadieling doarpshuzen en multy funksjonele sintra. De wethâlder hat wol tasein dat hy romhertich omgean sil mei de regeling, mar it leit net fêst. By nij- en ferbou is der yn it ferline wolris wat ekstra's oan de doarpshuzen tabedield. Wiist op Friens (koe him úteinlik seis réde) en de 100.000 ekstra foar Raerd. De Bu- orkerij yn Terherne sit noch yn ferbou en hat yn april om bydrage frege yn û.o. troch gemeentlike easken ûntstiene tekoart fan 16.000. It kolleezje wiisde dat óf, omdat de maksimale subsydzje fan fl 75.000 al brûkt wie. Wie de oanfraach te betiid? It Kattehûs krijt no wol de ekstra 10.950. Der ûntstiet sa rjochtsûngelikensens en de FNP tsjinnet dêrta in moasje yn. Lést de moasje foar. De tekst fan de moasje is sa: "De ried fan de gemeente Boarnsterhim, yn syn gear komste fan 21 oktober 2003, yn omtinken nimmende dat: - ferskate doarpshûzen yn de gemeen te Boarnsterhim yn it ferline ferbou en nijbou realisearre hawwe en dit, mei help fan subsydzje fan de gemeente Boarnsterhim, finansjeel ôfdutsen hawwe; - der wolris mear subsidiearre is as dat der neffens it belid koe (Raerd 100.000,00); - der besletten wurde kin om, ek al leit der dan gjin konkrete oanfraach, It Kattehûs te Jirnsum ekstra te subsidiearjen neffens it nije belied; - der konkreet ferlet is en der ek in konkrete oanfraach leit fan De Buorkerij te Terherne, dy't yn totaal foar 235.690,00 nij- en ferbout en dêrta al earder 34.033,00 ûntfongen hat; beslút oan De Buorkerij te Terherne, lykas it Kattehûs te Jirnsum, in ekstra subsydzje ta te kennen fan 10.950,00 te dekken út de Reserve Wolwêzen, en giet oer ta de oarder fan de dei" Bouma: Kin him wol fine yn de kadernotysje. Hie frege nei ferskil yn terminen tusken gemeente (10 jier) en provinsje (15 jier) en nei dúdlikheid oer mooglik oanpaste bydragen. It kolleezje moat goed nei it doarpshûs yn Terherne sjen en stipet de moasje fan de FNP. Portefúljehâlder Dijkstra: De kaders jouwe oan wat de ried wol. De fraach is wêr it nije belied begjint. De ried is altyd ree om te besykjen oplossings foar problemen te finen. Yn de kommisje- gearkomste hat de ried dúdlik it begjin lein fan it nije belied by it Kattehûs yn Jirnsum. Men kin net alles út it ferline yn de nije feroardering belûke. By funksjeferoaring of ferbreding it belied yn de takomst opnij besjen. Untriedt de moasje. De provinsje lit wol yn him omgean om oare getal len te hantearjen, mar der lizze datoangeande noch gjin konkrete saken foar, wêrtroch oft de feroardering oanpast wurde moatte soe. Twadde termyn Roorda: Ynstimming mei it nije belied. Yn de kommisjegearkomste fan 7 maaie is oer it belied praat. Op 20 maaie hat de oanfraach fan it Kattehûs oan de oarder west. De oanfraach fan de Pagina 2 04. Ferslach 21-10-2003/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 5