bydrage oan de Buorkerij yn Terherne datearret al fan july 2000 en letter is der noch in ekstra bydrage frege. It giet dan eins om in bydrage foar tsjinfallende kosten efterôf. Dêrom gjin stipe foar de moasje fan de FNP. Bijlsma (FNP): Net alle punten út it ferline wurde no by it nije belied belutsen. It Kattehûs en de Buorkerij bef ine har midden yn nij- en ferbou. Yn it nije belied is foar in multyfunksjoneel sintrum yn 10 jier 45.000 beskikber. Giet dy perioade no yn of kin ek yn de tiid weromrekkene wurde? Postma: De ried wol in konsistint belied en by de hear Bijlsma giet it de oare kant op. De fraach is hoe't hy dêrfoar romte kreëare wol. Bijlsma: Is krekt foar in konsistint belied. Yn it ferline waard ek sjoen nei it bedrach dat troch in doarpshûs al brûkt wie yn de 15 jier. It Kattehûs hat al 34.000 krige en dêr komt no 10.950 by op. Kinne alle doarpshuzen fanôf no de folsleine subsydzje oanfreegje of wurdt der ek sjoen nei de ôfrûne 10 jier? Yn dat léste is der foar in doarpshûs as byg. de Buorkerij noch wat romte. Roorda: As de gemeente sa mei alle beliedsterreinen omgean soe, dan ûntstiet krekt Onrjocht- feardichheid en ynkonsistinsje. Net achterom sjen. It nije belied is in ferromming neffens it âlde. Bijlsma: Sa nij is it belied net. Roorda: Der binne wol deeglik nije Ontwikkelingen yn it belied, sa as it Onderskied tusken doarpshûs en multyfunksjoneel sintrum. Bijlsma: Hat krekt muoite mei dat Onderskied. Yn it âlde belied koe in doarpshûs soms 3 of 4 kear gebrûk meitsje fan de finansjele romte. Hoe wurket dat yn it nije belied? Postma: De feroaringen geane hyltyd hurder. Wat te dwaan by presedintwurking? Wurdt de ge meente dan fangnet foar minsken mei inisjatyf? Mei sa'n blanco cheque wit men net wêr't men útkomt. By in multyfunksjonele komponint is der foar in doarpshûs in ferromming. Stiet net ach ter de moasje. De foarsitter: De ried stelt jûn de feroardering fêst. As der sinjalen binne fan problemen, dan sil de ried dêr each en ear foar hawwe moatte. It is lykwols net goed om dy yn de feroardering te belûken. Bringt de moasje yn stimming. Mei 4 stimmen foar en 13 tsjin wurdt de moasje fersmi- ten. Foarstimd hawwe de leden Bijlsma, Janse, Bouma en Van der Sluis. SOnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 8. Foarstel oangeande it ôfhanneljen fan it beswierskrift ta wegering fan frijstelling foar de bou fan in bedriuwspân op in perseel oan de Midsbuorren te Warten SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 9. Foarstel oangeande it ôfhanneljen fan it beswierskrift ta wegering fan in boufergunnng foar de bou fan in twadde bedriuwswente op in perseel oan de Wjitteringswei te Jirnsum SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel oangeande de Regeling Schoolbegeleiding SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11Foarstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar brânfeilichheidsfoarsjenningen yn skoal- gebouwen en gymnastyklokalen foar it primêr Onderwiis Pagina 3 04. Ferslach 21-10-2003/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 6