Postma: Hie frege oft de gemeentlike regeling oerienkomt mei de lanlike en hat fan it kolleezje dêroer ynformaasje krige. De tapassing kin ek neffens it lykweardigensbegjinsel. De útlutsen 500.000 moat dan ek soarchfâldich yn de ynvestearrings ôfwage wurde. Oftewol: Hokker maatregels kinne sa goed mooglik tsjin sa leech mooglike kosten útfierd wurde. Der sil in krityske seleksje fan de útfierende partijen nedich wêze yn in iepenbiere oanbesteging mei in goede pro- jektrapportaazje. Mei de skoallebestjoeren moat it noch ôfkaarte wurde. GB2000 wol in werom- rapportaazje en it frijkommende budzjet is oan de ried. Dat binne betingsten foar ynstimmming. Wethâlder Bouma: Dat is de yntinsje fan it kolleezje. Fansels in projektrapportaazje en werom- rapportaazje nei de ried. It bliuwt lykwols maatwurk. Goed sjen nei momint fan ynstallaasje- technyske en boukundige oanpassingen. Postma: Kin dêr mei ynstimme. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel om gjin frijstelling te ferlienen foar it bouplan/fersyk op grûn fan artikel 19.1 WRO foar de bou fan in reklamemêst op it perseel Oedsmawei 28 te Grou Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 13. Foarstel om gjin frijstelling te ferlienen foar it bouplan/fersyk op grûn fan artikel 19.1 WRO foar it fernijen fan in skiphûs op it perseel Leppedyk 46 te Akkrum Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 14. Moasje FNP en VVD oer behanneling Struktuerskets Grou. De tekst fan de moasje is sa: "De ried fan de gemeente Boarnsterhim byinoar yn gearsit op 21 oktober 2003, yn omtinken nimmende dat: - de kommisje ROFFM yn de gearkomste fan 12 desimber 2001 de Struktuerskets Grou frijjûn hat foar it besprekken dêrfan fan Pleatslik Belang Grou mei de ynwenners fan Grou; - it kolleezje der doedestiids by Pleatslik Belang nochris ekstra op oantrune hat avensaasje te meitsjen mei de ynspraak; - Pleatslik Belang Grou mei faasje der mei útein setten is mei as rissel- taat Us doarp Grou", in takomstfisy fan en troch de ynwenners fan Grou, op 6 juny 2002 oan- bean oan de wethâlder; - it kolleezje der dêrnei neat mei dien hat, nettsjinstgeande de tasizzing fan de wethâlder oan Pleatslik Belang, yn oktober 2002, om yn jannewaris 2003 nei bûten te kommen mei de fisy fan de gemeente foar it doarp Grou; - yn de kommisje WWR mear as ien ke- ar de wethâlder frege is de fisy foar behanneling op de wurklist fan de kommisje te setten; - yn de kommisjegearkomste WWR fan 1 april 2003 de FNP oan de kommisjeleden útstel hat om te besluten yn de earstfolgjende kommisjegearkomste te behanneljen; - de kommisje yn dy gear komste besletten hat dat net te dwaan omt de wethâlder oanjoech mei in pear moanne de fisy foar behanneling yn de kommisje bringe te sillen; - de fisy noch net op de wurklist fan de kom misje pleatst is; - de ried fan betinken is dat jo sa net mei Pleatslik Belang en de boargers omgean kinne: beslút de behanneling fan de Struktuerskets Grou mei de fisy "Us doarp Grou" fan de yn wenners fan Grou op de wurklist fan de kommisjegearkomste WWR fan 2 desimber 2003 te set ten. En giet oer ta de oarder fan de dei." De Vries: Stelt foar om de moasje troch te skowen nei folgjende riedsgearkomste, omdat op dit stuit safolle minsken dy't reagearje wolle op de besunigingsfoarstellen op de ried wachtsje. De foarsitter: Freget yntsjinner moasje om reaksje. Janse: Fynt dat it neffens it reglemint sa net kin. It ritme giet derút en de kwestje spilet al sa lang. Pagina 4 04. Ferslach 21-10-2003/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 7