De foarsitter: Stelt foar oan ried en kolleezje om op de kommisjegearkomste fan 2 desimber oer struktuerskets fan Grou (yntinsje fan de moasje) te praten. Wethâlder Bouma: Dat kin net. Der wurdt yn de moasje om de struktuerskets fan Grou frege. Op 2 desimber komt it projektmanagemint fan Grou oan de oarder en dat is wat oars. De foarsitter: Stelt foar om oan de behoefte fan de hear Janse en de hear Bouma om op koarte termyn oer de takomst fan Grou te praten te foldwaan en dêrmei ek ta te kommen oan de winsk fan de hear De Vries om no de minsken op de reaksjegearkomste net langer wachtsje te litten. Postma Yn juny hat der in foarljochtingsgearkomste west oer de doarpefisys en dêrby is keazen foar in yntegrale oanpak. Fierdere ôfspraken oer in sesje mei doarpsbelangen binne net neikom- men. Der moat earst yntegraal oer it gehiel praat wurde. Freget oft dat barre sil. De foarsitter: Wit dat net krekt. It kolleezje sil dêroer neitinke foar begjin desimber. Janse: Hat gjin behoefte om de moasje ta te Ijochtsjen as yn desimber de struktuerskets en de takomstfisy fan Grou oan bod komme. 15. Slute De foarsitter slút de gearkomste om 21.10 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 10 novimber 2003 de griffier, de foarsitter, M. Frensel Dijkstra sipten neist de parse Op de publike tribune en amtlike meiwurkers likernóch 10 minsken Pagina 5 04. Ferslach 21-10-2003/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 8