Side 8 De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 11. Foarstel om yn prinsipe meiwurking eks artikel 19, lid 1 WRO te ferlienen oan de bou fan in nij skiphûs oan de Rjochte Grou, tsjin Oostergoo oer en it nimmen fan in tariedingsbeslút De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 12. Foarstel ta it advisearjen oer de oanwizing mûnerestant yn de Lytse Saiter polder by Warten ta ryksmonumint De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 13. Foarstel oangeande de facelift boartersfjild Tersoal De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 14. Foarstel ta it foardragen fan in lid fan de bestjoerskommisje OSG Sevenwolden De foarsitter: By akklamaasje wurdt der neffens it foarstel besletten. 15. Foarstel ta it beneamen fan in bestjoerslid fan de BOBOB De foarsitter: By akklamaasje wurdt der neffens it foarstel besletten. 16. Foarstel ta it fêststellen fan de feroarderingen eks artikel 212 en 213 Gemeentewet, re- geljende it finansjeel behear en belied en de kontrôle op it finansjeel behear en op de ynrjochting fan de finansjele organisaasje Janse (FNP): Allinne artikel 213 is yn de kommisje besprutsen en artikel 212 net. De FNP hie net begrepen dat it yn ien kear besprutsen wurde soe. Stelt foar om no de feroardering fêst te stellen en yn de kommisje BMM dy wer oan de oarder te stellen en dan eventueel feroaringen oan te bringen. De FNP hat nammentlik noch wat betinkingen by artikel 212. Benammen oer it punt dat it kolleezje ynvestearrings mei in jierlêst fan boppe 25.000, dy't net op de begrutting steane, net oan de ried foar ynstimming foar te lizzen hoecht. De foarsitter: De ried kin oer in fêststelde feroardering prate. Dat is reglemintêr sa fêstlein. De foarsitter fan de ried kin mei de foarsitter fan de kommisje oerlizze om it op de aginda fan de kommisje te pleatsen. Konkludearret dat de ried dêrmei ynstimt en dat sa besletten wurdt. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 17. Slute De foarsitter ferwachtet de riedsleden de oare jûns wer en slút de gearkomste om 22.24 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 16 desimber 2003. e parse en de amtlike meiwurkers likernôch 15 minsken Ha nriffiar Hfi foarsitter. 04. Ferslach 10nov2003/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 10