men van verkeersoverlast van het vrachtverkeer op de UT-wei en de Feansterdyk medewerking heeft verleend, aan de realisatie van een "keerlus" op het terrein van UTD; dat het van belang is dat voordat tot realisatie van het plan wordt overgegaan er zoveel mogelijk overeenstemming met diverse belanghebbenden dient te worden bereikt om kostbare vertraging in de uitvoering -ten gevolge van bezwaar en beroepsprocedures te voorkomen. Besluit: a. De raad van Boarnsterhim in vergadering bijeen besluit dat, de gemeente (het college) binnen uiterlijk 4 weken een informa tiebrief in Akkrum en Nes verspreidt en één of meer informatiebijeenkomsten voor alle belang hebbenden over de plannnen met Spikerboor/UTD in Akkrum zal organiseren, b. Het college z.s.m. maar uiterlijk binnen 4 weken met de betrokken organisaties gaat overleggen om in geza menlijkheid tot een acceptabel plan van wijzigingen te komen. De uitkomst wordt z.s.m. aan de raad voorgelegd, zeker in het geval er geen overeenstemming mocht worden bereikt." Bouma (VVD): Der hat gjin foarljochting by de ûndernimmers en de befolking west. It plan is so ber, mar wol djoer. De moat dúdlikheid komme oer ûntsluting ek yn gearhing mei takomstige rûnwei. De ûndernimmers hawwe noed oer tal saken. De earste opsje foar de brede skoalle wie ek UTD, mar de gemeente hat dêroer letter negatyf advisearre. DuraVermeer seach lykwols wol kânsen. In troch de VVD oansocht yngenieursburo seach dy kânsen ek. De miljeuadvystsjinst hat negatyf advys jûn, mar wat wie it útgongspunt fan it ûndersyk? Yn in brief fan de VVD (stipe troch 4 oare fraksjes) oan it kolleezje wurdt frege om it goed te ûndersykjen. Der is fan de pro- vinsje in amtlike brief weromkommen en de VVD hie leaver hân dat de wethâlder oerlis mei GS hân hie. No is de eksakte stân fan saken net yn kaart brocht. It kolleezje skat yn dat de subsyd- zje sa'n 560.000 leger útfalle soe. Dat is lykwols net seker. Skat de kosten foar de grûn foar de skoalle seis op sa'n 800.000 en dan falie de bedraggen substansjeel leger út. De gunning oan DuraVermeer moat noch plakfine. De VVD is net akkoart mei de dekking fan 992.250 út de reserve nij belied. Yn it oandiel ISV-subsydzje sit noch wol wat rek. De dúdlike útgongspunten ûntbrekke, û.o. wat it plak fan de skoalle oanbelanget. De transparânsje en de ynformaasje is net foldwaande. De Vries (PvdA): Wat foar stikken binne dan net oanlevere? Bouma (VVD): Mist it bestjoerlik oerlis mei de provinsje oer mooglikheden fan in skoalle. De Vries (PvdA): Dat binne stikken dy't der net wêze kinne. Janse (FNP): Der is in plan fan oanpak en easken opsteld. Besteande bedriuwen binne wichtige belanghawwenden. De eksterne kommunikaasje hat swak west. Foarôfgeand en tidens it projekt hat dy kommunikaasje der net west. It is dan ek begryplik dat de finansjele bydrage yn de 2e eksploitaasje leger is. It is ek wichtich wat foar foech de wurkgroep krijt. Dat kin net allinne út ynformaasje bestean, mar men moat ek kedize kinne. Der moat oer de UTwei gjin slûpferkear komme. Oer de bou fan de skoalle lizze twa rapporten oer lûd en miljeusaken. It iene rapport riedt de skoalle óf. It soe oan grûn 1,6 miljoen ekstra kostje en der soe fan de provinsje 560.000 minder oan subsydzje komme en mooglik claims fan bedriuwen. Dizze sifers binne foar de FNP lestich te kontrolearen. It kolleezje hie de ried tuskentiids ynformearje moatten oer de kar fan de lokaasje. It kolleezje komt syn ynformaasjeplicht net goed nei. It is noch slim lestich om te sjen wat der útkomme moat. De revitalisearring fan it UTD-terrein moat net op kosten fan oare projek- ten yn gemeente plakfine. Dêrom fielt de FNP der neat foar om jild oan de reserve nij belied te ûntlûken. Der is altyd op oantrúnd om de opbringst fan Tusken de Marren hjirfoar te brûken. Dêr- ta tsjinnet de FNP in amendemint yn. De tekst is sa: "amendemint op punt 4 fan it útstel: 4. Unt- trek 992.250,00 oan de Algemiene Reserve foar dekking fan in part fan dit útfieringskredyt en folje de Algemiene Reserve mei inselde bedrach wer oan mei jild út de ferkeap fan "Tusken de Marren".". De algemiene reserve komt miskien Onder de noarm, mar de opbringst fan Tusken de Marren kin oerhevele wurde. Stipet PvdA amendemint. Side 4 04. Ferslach 11 nov2003/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 14