Twadde termyn Van der Meulen (CDA): Is wiis mei it plan. De kommunikaasje is lykwols misgien. De ried hie seis ek by it programma fan easken it plak fan de ûndernimmers dúdliker yn byld bringe moatten. By de lokaasje fan de skoalle moat ek nei it belang fan it bern sjoen wurde. Mefrou Dekker (PvdA): Der hawwe twa ynsprekkers west en dy hawwe alles oerlein mei de meisizzenskipsrieden en dy binne ta in oare lokaasje kommen. Hat de hear Van der Meulen dêr gjin each foar? Bouma (VVD): De ynsprekkers winsken de ried wiisheid ta. De earste opsje wie UTD. Van der Meulen (CDA): De ried moat him ôffreegje as der wol in skoalle op sa'n risikofol plak (lûd, lawaai) komme moat. De ôfwikkeling fan it ferkear moat dêryn ek meinommen wurde. Op dit momint net foar dy lokaasje. Slút him oan by amendemint PvdA en fynt amendemint FNP te prematuer. Der moat goed oerlis mei bewenners en bedriuwen komme. Soeten (PvdA): Wiist derop dat it amendemint fan de PvdA ek mei troch GB2000 yntsjinne is. Kin net ynstimme mei amendemint FNP, want de ferkeap fan Tusken de Marren stiet los fan it foarstel. Janse (FNP): Hat dit fan it begjin óf oan oankaart en dêrom hat FNP stipe oan it plan jûn. Soeten (PvdA): De kearlus is wichtich. De Feansterdyk en de UTwei meie gjin lést hawwe fan frachtferkear. Giet derfan út dat it kolleezje de kommunikaasje better útfiere sil yn de geast fan it amendemintStipe foar it foarstel fan it kolleezje. Bouma (VVD): Der moat in optimalisearring fan it plan mooglik wêze en dêrby spilet fisy in rol. PB hat sa n fisy oer it plak fan de skoalle dellein. It rapport fan de miljeuadvystsjinst oertsjûget net. It tal kante meters is fierstente heech rûze. DuraVermeer hat wat tasein mei it folie ferstân. Yn it bestimmingsplanferhaal sit romte. Is akkoart mei de oanpak fan de ferkearsproblematyk. Yn plan lokaasje skoalle yn Akkrum-oast spylje lûdsnoarmen ek in rol. De VVD is net akkoart mei dekking út reserve nij belied. Janse (FNP): De wethâlder wiist derop dat de ûndernimmers seis ek komme koene op de jûn wêrop't it plan fan oanpak en easken behannele waard. Dat is gjin aktive benadering. De be driuwen hiene earder op de hichte fan de proseduere wêze moatten. Der is besletten ta de fer keap fan Tusken de Marren dit jier. De opbringst is net bekend, mar dat is it ek net it gefal by de post foarsjenning wachtjilden yn de begrutting. Wêrom kin dat dêr wol? Tusken de Marren hat wol relaasje mei Akkrum en it grûnbedriuw. Soeten (PvdA): It binne twa ferskillende dingen. Janse (FNP): Dan moat men de reserve nij belied ek net brûke foar it gat yn de eksploitaasje. De FNP kin ynstimme mei it foarstel, útsein punt 4. Ek in foarbehâld oer plak skoalle. Der moat noch romte bliuwe foar in mooglike lokaasje op Spikerboar Mefrou Troost (GB2000): De ûndernimmers binne net op tiid op de hichte steld oer de gong fan saken. GB2000 kin him wol fine yn it foarstel. DuraVermeer sil dochs wol in deeglik anwurd jûn hawwe op fraach oer skoalle. Tusken de Marren is noch net ferkocht en dêrom gjin stipe foar amendemint FNP. Side 6 04. Ferslach 11 nov2003/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 16