Side 10 kosten foar eksterne kommunikaasje. Der binne no 17 fakatueres: dêr wat hoeden mei omgean yn ferbân mei oare ynrjochting fan de organisaasje. De VVD kin mei it foarstel meigean, útsein de ferpleatsing fan Knol. Dat sil no plakfine moatte. Tsjinnet dêrta in amendemint yn. De tekst is sa: "Utgeande fan it kolleezje-útstel om de ynvestearingsprogramma 's foar 2003 en 2004 nei in let ter datum te ferkowen, komt de fraksje fan de VVD mei it folgjende útstel: Net opskowe mar ha- nthavenje: Ferpleatse Knol, Aldeboarn (2004) 15.060. En dit te dekken út de folgjende besuni- gings fan de groslist: 53. Ekteme Kommunikaasje 15.060".It neistjoerde foarstel jout in ekstra opdracht bedriuwsfiering fan 187.691 sûnder fierdere útwurking. De ried hie foar soks syn húswurk oerdwaan moatten, mar dat jildt dan no ek foar it kolleezje oangeande de begrutting. Van der Meulen (CDA): It kolleezje hat goed harke nei de kommisje. Op basis fan dit stik oan it wurk en dan kin der Ijocht oan de ein fan de tunnel wêze. Stipet yn haadlinen it foarstel. De kearntakendiskusje sil noch swier genôch wêze. Dit is noch in needgreep op wei dêr nei ta. De yn te stellen kommisje moat yn syn opdracht wol beheind wurde. De ynvestearringsstop hoecht net in protte problemen op te smiten as de ried oar jier maart de kearntakendiskusje ôfrûne hat. De automatisearing moat yn de kommisje nochris goed ûnderboud wurde. De Vries (PvdA): It begjin fan de begrutting 2004 leit yn juny by de foarjiersnota dêr't it kolleezje yn oanjoech dat der gjin romte foar nij belied wêze soe. De wurkgroep grûnbedriuw soe mei faas- je los. It kolleezje krige de opdracht om 5% fan de begrutting frij te meitsjen foar in takendiskus- je. De nije programbegrutting is in proses en no leit der in basis. It wen- en leefklimaat, mei om- tinken foar ferskillende doelgroepen, krijt in hege prioriteit. De besunigings steane dêr heaks op. De ekonomyske ûntwikkelings wurkje tsjin. De sintrale oerheid jout de gemeente hyltyd mear út- fieringstaken. De gemeente moat mei minder jild mear dwaan. Dan komt it pakket fan maatrege len, dy't in protte ûnrêst teweechbringe. It pakket wie ûnlykwichtich en fan ûnfoldwaande kwa liteit. De quick-scan jout ek wer datselde oan. Der moat net rûchwei kapt wurde. De saken moat te oars organisearre wurde. Ek yn oerlis mei de organisaasjes. Der moatte prioriteiten steld wurde en gjin belied op belied steapelje. Neamt in tal spearpunten: Wat moat in gemeente dwaan en hoe kin dat it béste? Hoe kin de ried flugger ta beslútfoarming komme? Wat foar amtlike organi saasje heart dêrby? En wat foar rjochting wol de ried dêroan jaan? It kolleezje hat goed harke nei de opmerkingen yn de kommisje. Fynt yn it wizige foarstel de wurden dat de ried de op dracht jûn hawwe soe om te kommen mei in pakket fan besunigingen fan 1,8 miljoen euro in fer- kearde werjefte fan saken. Dat wie de ynstek fan de ried net. Ek is it spitich dat der foar 2004 noch gjin budzjet foar nij belied ûntstiet. De PvdA wol earst de kearntakendiskusje fiere, foardat yn de groslist yngrepen dien wurde. It kolleezje hat der 6 punten úthelle en dat moat dan mar. It prinsipe moat wêze op alle punten op deselde wize te hifkjen. Wat de ynvestearringstop oanbe- langet wol de PvdA dat guon saken wol trochgeane lykas de húsfesting fan de skoallen en it amt- lik apparaat en de doarpsfernijing. Yn maart moat yn de diskusje alles ta in útdragen saak kom me. In begeliedingskommisje kin in goed ynstrumint wêze. It is de fraach as it foar dizze saak gaadlik is. Sjocht leaver dat it presidium it kolleezje op de prosesmjittige kant begeliedt. Ynstim- ming mei de punten 1, 2, 3, 4a en 4b (taak presidium), 7 en 8. SI út him oan by GB2000 oan geande opmerkings oer punt 6 en 9. Dêroer sil earst mear ynformaasje komme moatte. Der moat no dúdlikheid komme oer de ferpleatsing fan Knol. It kolleezje moat in deadline stelle. As men der net útkomt, dan besykje op oare plakken yn Aldeboarn plannen te Ontwikkeljen. Is it iens mei GB2000 dat by de takendiskusje de gemeentlike organisaasje ek Onderwerp is. Der moat omtin- ken wêze foar in goede en tidige ynformaasjefoarsjenning. De ynset fan de WIW/ID-banen moat breder wêze (ek soarch en Onderwiis) as it kolleezje foarstelt. Tsjinnet dêrta mei GB2000 in amendemint yn. De tekst is sa: "Bij de begroting 2004 om vooralsnog niet over te gaan tot structureel beschikbaar stellen van gelden voor dorpswachten, maar de besluitvorming hierover uit te stellen en te betrekken bij takendiscussie van maart/april 2004. Overwegende dat: bij de bespreking van de voorjaarsnota op 16 juni 2003 heeft onze fractie laten weten in te kunnen stemmen met het beschikbaar stellen van 53.600 voor de aanpassing van de WIW/ID-banen, 04. Ferslach 11nov2003/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 20