Side 13 Wethâlder Jonkers: Het college kan in beginsel akkoord gaan met besluit a en b van het amen dement van PvdA en GB2000 over WIW/ID-banen. Wil echter besluit c ook bij de discussie in maart/april betrekken. Dat is logischer in relatie tot a en b. Hemminga (GB2000): As it ynhâldt dat de WlW-ers oant de takendiskusje oan it wurk bliuwe kinne, dan is it akkoard. Wethâlder Jonkers: Heeft alle gevallen niet paraat. Bovendien is het maatwurk. Het WIW/ID is een mooi systeem. Mefrou Dekker (PvdA): Guon minsken (Leppehiem) hawwe soarch foar Ontslach. Foarkomme dat de minsken no ûntslein wurde en miskien nei de takendiskusje wer weromfrege wurde. As de wethâlder dy garânsje jout, dan kin c derút bliuwe. Wethâlder Jonkers: Er zijn vier personen die volgens TrajectBV het systeem blokkeren, omdat zij geen andere deeltijdbaan willen zoeken. Deze mensen hebben een aanzegging gekregen. Het kost de gemeente geld, omdat dan geen vergoeding van het rijk wordt gegeven. Kan de financië le consequenties niet goed overzien, maar wil dat uitzoeken. Twadde termyn Postma (GB): Hopet noch reaksje te krijen fan de ried op foarleine fragen. GB2000 is kritysk en dêr is ek oanlieding ta. Der binne gauris tasizzings net neikommen. Soarch oer kontrolearberheid en stjoering fan de organisaasje. As it op 1 jannewaris 2004 net op 'e rit is, dan is der in pro bleem. De werprioritearing kin pas nei de takendiskusje plakfine en dêrom gjin stipe foar it amendemint fan de FNP. Wol witte as de ried de troch GB2000 foarsteane doelmjittigens en doeltreffendheid fan organisaasje en belied diel útmeitsje lïtte wol fan de takendiskusje. Oars komt GB2000 dêroer mei moasje. It kolleezje kin yn desimber de bestjoersopdracht fêststelle. En wat tinkt de ried fan de foarstelde temporisearing fan belied en organisaasje? GB2000 is gjin foarstanner fan in ekstra begeliedingskommisje. De Vries (PvdA): Hoe sjocht de hear Postma dan de rol fan it presidium yn de oanpak fan de ta kendiskusje? Postma (GB): De yngrediïnten binne bekend. It kolleezje kin dermei oan de slach en it presidium kin it ferifieare. Bijlsma (FNP): Ynstimming mei punt 1,2 en 3 mei hanthaving fan it amendemint. De geande pro- jekten net stopsette. Postma (GB): Hat it sa begrepen fan it kolleezje dat de tarieding fan de húsfesting fan skoallen en gemeentlik kantoar net stil leit, mar dat der gjin finansjele ferplichtings oan ferbûn wurde. Bijlsma (FNP): It is in begjin fan in foarlopich stopsetten. Ynstimming mei 4a mei tafoeging dat de FNP it iens is mei troch GB2000 makke opmerkings oer amtlike organisaasje. Wat muoite mei 4b, want der kin de oare deis wol mei de takendiskusje begûn wurde.Ynstimming mei punt 5. By punt 6 noch de fraach as de nei 6 trochskode 100.000 beskikber bliuwt foar de besuniging yn de bedriuwsfiering of foar de automatisearing. Freget him óf hoe't punt 7 sa kin. Der is dochs gjin reserve nij belied? Punt 8 hat ek ynstimming. Hat problemen mei de dekking (Eksterne kom- munikaasje) yn it amendemint fan de VVD. Dêr soe Op 'e Hichte ek yn sitte. Yn prinsipe yn stimming mei amendemint fan PvdA en GB2000, mar wol earst dúdlikheid oer de bedraggen 04. Ferslach 11nov2003/absh/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 23