Side 15 Dijkstra (portefúljehâlder): It listje fan de hear Postma leit der al {it fetprinte foar 2005). Postma (GB): Nimt oan dat de kasstreamen yn de earste moannen substansjeel leger lizze as yn de lettere helte fan it jier. Dijkstra (portefúljehâlder): Seit ynformaasje dêroer ta. Der geane gjin minsken fuort, útsein eksternen. It leit yn begjinsel stil oant maart. Wethâlder Van den Berg: De 53.600 foar de doarpswachten sit by de bedraggen yn. De €100.000 sit by it ynvestearringsplan yn. Dy is nedich om de besuniging yn de bedriuwsfiering foar 2005 fan 110.000 te effektuearen. Wol graach dat de ried beslút ta punt 7 om wjer- stânsfermogen te fersterkjen benammen foar De Baai. Bijlsma (FNP): Neffens de FNP is de reserve nij belied al leech en is punt 7 oerstallich. Wethâlder Van den Berg: Der is fan de 1,8 miljoen oant no ta 1,4 miljoen ûntlutsen (UTD en nochris 400.000). De restearjende 400.000 wol it kolleezje ornearje foar it grûnbedriuw en De Baai. De ried woe yn de foarjiersnota witte wêr't it foar brûkt wurdt en no komt De Baai der- De foarsitter: Stelt earst it amendemint fan PvdA en GB2000 oan de oarder. It kolleezje wol himsels gjin ferplichtingen oangeande beslút c oplizze. Mefrou Dekker (PvdA): Dan hâldt de PvdA it amendemint oan. Wethâlder Jonkers: C is een logisch gevolg van a en b. Daarbij kun je geen verplichtingen aan gaan. Dat komt in de takendiscussie. De foarsitter: Stelt fêst dat de ried dêrmei akkoart giet. Bringt it amendemint fan de VVD yn stimming. It wurdt mei allinne de VVD foar fersmiten. Bringt it amendemint fan de FNP yn stim- ming. It wurdt mei allinne de FNP foar fersmiten. Bringt de punten fan it kolleezjefoarstel yn stimming. Punt 1, 2, 3, 4a binne akkoart. Punt 4b: Postma (GB): It kolleezje moat mei in foarstel komme. Dijkstra (portefúljehâlder): It moat wol in mei inoar oparbeidzjen wêze. De Vries (PvdA): Mei de belutsenens fan it presidium by de prosedurele kant kin 4b wol ferfalle. Dijkstra (portefúljehâlder): Untriedt de ried om dat te dwaan. De Vries (PvdA): Is akkoart as by 4b foar 'kommisje' 'presidium' ynfolle wurdt. Dijkstra (portefúljehâlder): Der kin it kolleezje him yn fine. Postma (GB): Mei de kanttekening dat wannear't der spanning ûntstiet oangeande de kaderstel lende en kontrolearende taak fan de riedsleden, dat it dan foar GB2000 út is. De foarsitter: Konkludeart dat ried en kolleezje har sa yn 4b fine kinne. Der is ynstimming foar punt 5. Bringt punt 6 yn stimming. 04. Ferslach 11nov2003/absh/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 25