Postma (GB): It is belangryk dat de prestaasjes mjitten wurde kinne en dat it sichtber makke wurdt. Wol dêr in nij foarstel foar desimber foar sjen. Wethâlder Van den Berg: Dêr giet it ek oer de ferfangingsynvestearrings. Postma (GB): It giet om de 100.000 dy't yn punt 6 ünderbrocht is en dêr soe ynformaasje oer komme en dêr moat in prestaasjemjitting yn sitte. Wethêlder Van den Berg: Wiist derop dat de ferantwurding fan de 100.000 dúdlik op side 64 oanjûn is. Der sii yn desimber ek in oersjoch fan de frege stân fan saken fan de automatisearing jûn wurde yn relaasje ta de fêststelde nota. De foarsitter: Konkludearre dat de ried ynstimt mei punt 6. Bringt punt 7 yn stimming. Bouma (VVD): Akkoart, allinne foar De Baai. Bijlsma (FNP): De FNP wol achte wurde tsjin dit ûnderdiel stimd te hawwen. De foarsitter: Mei dy oanmerkingen wurdt ta punt 7 besletten. Stelt ynstimming oer punt 8 fêst. Bringt de begrutting 2004 yn stimming. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 7. Slute De foarsitter betanket elkenien foar de ynbring en slút om 01.05 de gearkomste. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 16 desimber 2003 de foarsitter. Dijkstra M. Fremsel Y(. Dijkstra Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers likernôch 40 minsken Side 16 04. Ferslach 11nov2003/absh/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 26