7- Foarstel ta ferkeap fan it eardere pjutteboartersplak te Raerd. B&S Konform besletten. 8- It fêststellen fan it stappeplan foar de takediskusje. Mid. Mei de tasizzing fan de portefúljehâlder dat: -itjinge tidens de behanneling fan de begrutting 2004 is besletten oangeande de ynfolling c.q. útfiering fan de takediskusje ferwurke wurdt yn it plan fan oanpak; -in opset foar de metodyk foar de te fieren takediskusje foar 1 jannewaris 2004 oan de riedsleden tastjoerd wurdt; -de akkountent frege wurde sil nei in oardiel oer de oanpak fan de takendiskus- je, wurdt konform besletten. 9- Foarstel om de hânrikking brânprevinsjebelied foar Fryslân fêst te stellen. Mid. Konform besletten. 19* Foarstel oangeande de ôfhanneling fan it beswierskrift tsjin de wegering frij- Mid. stelling (kêst 19, lid 1 WRO) te ferlienen foar de bou fan in havenkantoar Gar de Jagerswei 74 te Grou. Konform besletten. 11- Foarstel oangeande de ûnderwiishúsfesting yn mearjierrenperspektvf. B&S Konform besletten. 1 Foarstel ta fêststelling fan it "Restauratie-uitvoeringsprogramma monumenten WWR 2003 - 2008". Konform besletten. 13. Foarstel ta fêststelling fan it bestimmingsplan Tersoal. WWR Konform besletten. 14- Foarstel foar meiwurking bou nij ynformaasjesintrum Koailân 2 te Terherne. WWR Konform besletten. 15. Foarstel foar in tariedingsbeslút Stationsweg 35 te Grou. WWR Konform besletten. 16- Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk wenskip WWR tichtby de Stripe 19 te Terherne. Konform besletten. 17- Moasje fan de FNP oangeande it brûken fan de Fryske taal op de ynternetside fan de gemeente. Mei de tasizzing dat yn de kommisje BMM of tidens de tema-jûn kommuni- kaasje in diskusje fierd wurde sil oer it gebrûk fan de Fryske taal en de ta sizzing dat de Afûk frege wurde sil nei in programma dat Nederlânske teksten oerset yn Fryske teksten, wurdt de moasje met 6 stimmen foar en 11 stim- men tsjin fersmiten. 18- Moasie fan GB2000 oangeande de bouoanfraach De Trije Romers 7 yn Redu- zum. De moasje wurdt mei 11 stimmen foar en 6 stimmen tsjin oannommen. Side 2 beslutelist 16 desimber 2003/wzjv/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 34