BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op moandei 10 no- vimber 2003 om 20.00 oere yn it Riedhûs te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Loko-Griffier: de hear H.O. Hoekstra De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen J. Roorda, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra fan GB2000: Mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N.Boringa, J. Hemminga en H.G. Postma fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij, D. van der Meulen en G. de Jong fan de FNP: de hear S.G. Janse De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou J. Bouma-van den Brink, mefrou K. van den Berg-Wiersma en de hearen Y. Dijkstra en H.A. Jonkers Mei berjocht fan behindering ôfwêzich: mefrou E. Verkerk en de hear A. Bijlsma Ilepening. De foarsitter hjit alle oanwêzigen wolkom. De harkers fan de Boarnsterstim kinne fan 9 oere óf de gearkomste folgje. De hear Hoekstra ferfangt griffier Frensel. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Janse (FNP): Wol graach punt 16 as B-stik. Hemminga (GB2000): Wol graach punt 6 as B-stik. Hat dêrby al in amendemint omstjoerd. De foarsitter: Stelt fêst dat de ried dêrmei ynstimt. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 21 oktober 2003. Roorda (PvdA): Wie wol oanwêzich. Janse (FNP): Op side 4 (ûnderoan) graach sa oanpasse: 'Fynt dat it sa net kin.' tafoegje: 'neffens it reglemint.' It ritme giet der út en de kwestje spilet al te lang. De foarsitter: It ferslach wurdt mei dy wizigingen goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Nûmer 8: Van der Sluis (VVD): Wol witte wat foar gefolgen it beswierskrift hawwe kin foar de útjefte fan grûn fan Frisia en om hoefolle kante meters it giet. Nûmer 12: Van der Meulen (CDA): De terminology kin soarchfâldiger as it brûkte 'hoteldebotel'. 04. Ferslach 10nov2003/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 3