De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Hemminga (GB2000): Docht in tuskenfoarstel. Foegje nei 'Grou' yn 'ook'. De foarsitter: It kolleezje stimt dêryn ta en sil besykje dat deryn te krijen. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 7 Foarstel ta it fêststellen fan de feroardering foarsjennings foar wethâlders, rieds- en kommisjeleden De foarsitter: De diskusje moat beheind wurde ta wat kommisjeleden-net riedsleden oan foar sjennings hawwe moatte. Janse (FNP): De FNP is jûn wol fertsjintwurdige, alhoewol't de leden oare ferplichtingen hiene. It jout gjin foech in gearkomste fêst te stellen as in fraksje net kin. De foarsitter: It presidium hat de gearkomste neffens demokratyske wize fêststeld. Bliid dat de FNP fertsjintwurdige is. Janse (FNP): Kommisjeleden- net riedsleden moatte deselde fasiliteiten hawwe as riedsleden. Sy binne faak opfolgers fan de sittende riedsleden. In gemis oan fasiliteiten mei gjin drompel wêze foar de stap nei it riedslidmaatskip. Bouma (VVD): Is it iens mei de foarige sprekker. Van der Meulen (CDA): Kin him yn grutte halen dêr ek yn fine. De ynformaasjefoarsjenning nei riedsleden en kommisjeleden komt gauris ter sprake. Elk lid moat oer deselde ynformaasje beskik- ke. De Vries (PvdA): Fynt dat de ferantwurdlikheid foar gelikense behanneling by de fraksjes leit. Riedsleden hawwe as keazen folksfertsjintwurdigers in oare rol as kommisjeleden- net riedsleden. Is akkoart mei it presinsjejild. De ynformaasje kin yn ferskillende foarmen oanlevere wurde. Ik kin net de bedoeling wêze om foar 34 mooglike leden apparaten te beteljen. Elk riedslid moat syn plakferfanger fan ynformaasje foarsjen. Postma (GB): Dat is ek it stênpunt fan GB2000. It selsorganisearjend fermogen fan de fraksjes befoarderje. In diel kin digitaal en in diel kin op skrift oanlevere wurde. De fraksjes moatte bydra- ge oan in doelmjittige besteging fan it jild. Twadde termyn Janse (FNP): Fynt dat net in ferantwurdlikheid fan de fraksje. Hat earder al dúdlik makke dat it net om 34 kompjûters en oare apparaten giet, mar om de ynformaasjetastjoering. Dy fasilitearring moat foar riedsleden en kommisjeleden- net riedsleden deselde wêze. Tsjinnet amendemint yn (sjoch bylage), dat mei troch CDA en VVD ûnderskreaun is. Letter moat men bepale wat der oan- skaft wurdt. De tekst fan it amendemint is sa: "Pas de feroardering sa oan dat de fasiliteiten en fergoedings op it mêd fan de ynformaasje foar de (plakferfangende) kommisjeleden gelyk binne oan dy fan de riedsleden. Reden: 1. de kommisjeleden-net riedsleden draaie folslein mei yn de kommisjes en hearre de ynformaasje ûnder deselde betingsten te krijen as de riedsleden. 2. kommisjeleden-net riedsleden binne meastal de opfolgers fan de sittende riedsleden. Foar de frak sjes is it net altiten like maklik om nije riedsleden te krijen. Mei dizze opfolgers moatte we wiis wêze. It mei net sa wêze dat it gemis oan fasiliteiten in drompel is yn de tuskenstap nei it 04. Ferslach 10nov2003/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 5