1 Foarstel ta ferkeap fan it eardere pjutteboartersplak te Raerd. B&S
Konform besletten.
8- It fêststellen fan it stappeplan foar de takediskusje. Mid.
Mei de tasizzing fan de portefúljehâlder dat:
-itjinge tidens de behanneling fan de begrutting 2004 is besletten oangeande
de ynfolling c.q. útfiering fan de takediskusje ferwurke wurdt yn it plan fan
oanpak;
-in opset foar de metodyk foar de te fieren takediskusje foar 1 jannewaris
2004 oan de riedsleden tastjoerd wurdt;
-de akkountent frege wurde sil nei in oardiel oer de oanpak fan de takendiskus-
je,
wurdt konform besletten.
9- Foarstel om de hânrikking brânprevinsjebelied foar Fryslân fêst te stellen. Mid.
Konform besletten.
10. Foarstel oangeande de ófhanneling fan it beswierskrift tsjin de wegering frii- Mid.
stelling (kêst 19, lid 1 WRO) te ferlienen foar de bou fan in havenkantoar Gar
de Jagers wei 74 te Grou.
Konform besletten.
11 Foarstel oangeande de ûnderwiishúsfesting yn mearjierrenperspektyf. B&S
Konform besletten.
1 3. Foarstel ta fêststelling fan it "Restauratie-uitvoeringsprogramma monumenten WWR
2003 - 2008".
Konform besletten.
13. Foarstel ta fêststelling fan it bestimmingsplan Tersoal. WWR
Konform besletten.
14. Foarstel foar meiwurking bou nij ynformaasjesintrum Koailân 2 te Terherne. WWR
Konform besletten.
15. Foarstel foar in tariedingsbeslút Stationsweg 35 te Grou. WWR
Konform besletten.
16- Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk wenskip WWR
tichtby de Stripe 19 te Terherne.
Konform besletten.
17- Moasie fan de FNP oangeande it brûken fan de Fryske taal op de ynternetside
fan de gemeente.
Mei de tasizzing dat yn de kommisje BMM of tidens de tema-jûn kommuni-
kaasje in diskusje fierd wurde sil oer it gebrûk fan de Fryske taal en de ta
sizzing dat de Afûk frege wurde sil nei in programma dat Nederlânske teksten
oerset yn Fryske teksten, wurdt de moasje met 6 stimmen foar en 11 stim-
men tsjin fersmiten.
18- Moasje fan GB2000 oangeande de bouoanfraach De Trije Romers 7 yn Redu-
zum.
De moasje wurdt mei 11 stimmen foar en 6 stimmen tsjin oannommen.
Side 2
beslutelist 16 desimber 2003/wzjv/2