Side 4 riedslidmaatskip. 3. it as kommisjelid ûnderfining opdwaan komt it funksjonearjen as riedslid en dus it funksjonearjen fan de hiele ried ten goede. Drompels dêryn moatte weinommen wurde." Bouma (VVD): Riedsleden en kommisjeleden- net riedsleden op deselde wize behannelje. Zijlstra (PvdA): De kâns is dat it op 34 foarsjennings útdraait. Bouma (VVD): Yn de praktyk sil dat wol tafalle. Van der Meulen (CDA): Grutte fraksjes stelle op de gearkomste moandeis en tiisdeis gauris de selde fragen. Betizing en achterstân fan ynformaasje binne net winsklik. As it driget de kant fan 34 út te gean, dan beheining oanbringe. De Vries (PvdA): Fynt it net korrekt dat foar ferskil tusken grutte en lytse fraksjes arguminten en redenen út de kommisjegearkomste yn de diskusje behelle wurde. Van der Meulen (CDA): It giet derom dat in bettere systematyk misferstannen foarkomme kin. It tal plakferfangers fan 17 is hypotetysk. Der kin foar elke fraksje in maksimum fêststeld wurde. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste foar 5 minuten. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Van der Meulen (CDA): It is net slagge om oerienstimming oer in modus te krijen en dêrom wurdt it amendemint sûnder wizigingen yn stimming brocht. De foarsitter: Bringt it amendemint yn stimming. De Vries (PvdA): Is tsjin. Sykje nei in oplossing, byg. in wurkplak mei automatisearingsfasiliteiten yn de lêskeamer. De foarsitter: It amendemint wurdt mei 6 stimmen foar en 9 tsjin fersmiten. Foarstimd hawwe de leden Bouma, Gerbrandij, Janse, De Jong, Van der Meulen en Van der Sluis Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 8 Foarstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar de restauraasje en funksjewiziging fan de eardere Menniste tsjerke te Wergea De Jong (CDA): De provinsje hat in bedrach fan 54.454 tasein. Der wurdt no fan provinsje en gemeente in heger bedrach frege. Der binne noch genôch oare dingen yn it doarp te dwaan. Dit is te koart troch de bocht. Yn de priis fan de keapapparteminten kin wat trochberekkene wurde. Van der Sluis (VVD): Freget him óf oft de brânwacht der wol komme kin. It is in smel plak en der is suver gjin plak foar auto's. De frege 75.000 is in hiel bedrach, benammen ek mei it each op de besunigings. De apparteminten soene wat mear dwaan kinne. De NV Stadsherstel Leeu warden is oars in respektabele ynstelling. Janse (FNP): De ferbouwing fan de âlde Fermanje is in goed plan. Mar de frege bydrage fan 75.000 giet fierstente fier. Der is gjin gemeentlik monumintebelied. Dan soe foar de Halberts- mafilla, it âlde fearhûs yn Jirnsum en de direkteurswente yn Aldeboarn ek in bydrage frege wurde kinne. De gemeente moat seis besunigje en dan jout it gjin foech om safolle jild yn in partikulier projekt te stekken. It jild kin better yn oare doarpsfernijingsprojekten stutsen wurde. Fielt wol foar in stimulearingssubsydzje. 04. Ferslach 10nov2003/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 6