Side 5 Zijlstra (PvdA): Is bliid dat der wat bart. Wat docht de provinsje as de gemeente gjin bydrage jout? Undersykje de mooglikheden by de keapers. De gemeente moat de eigen finânsjes goed yn it each hâlde. Wethâlder Bouma: It kolleezje fynt it in prachtich projekt. It is de foarige eigner net slagge der wat fan te meitsjen. De NV Stadsherstel hat al in tsjinslach hân by de BLS-subsydzje. As der sa- folle by moat lûkt Stadsherstel him miskien werom. Der binne mear parten yn it doarp dy't net goed berikber binne. En it plan wurdt altyd toetst troch de brânwacht. It is it earste projekt fan de gemeente mei senioarewenten. Wergea (DB) is der wiis mei. Twadde termyn Janse (FNP): Tinkt by in stimulearings subsydzje oan 3.500. Van der Sluis (VVD): 'Miskien' lûkt Stadsherstel him werom. De prizen binne net oan de hege kant. As der gjin meifaller fan 110.000 yn de pot doarpsfernijing sitten hie, hie de gemeente dan ek 75.000 subsidieard? Hemminga (GB2000): De gemeente moat sunich mei de sinten. It liket in kreas gebou te wurden en senioarewenten binne ek prima foar it doarp. De bydrage fan de FNP is te lyts. Janse (FNP): Dy is gelyk oan de tennisferiening yn Akkrum. Boppedat rekken hâlde mei oare pro- jekten dy't deselde subsydzje krije. Hemminga (GB2000): It moat in positive subsydzje wêze. De keppeling mei de provinsjale sub sydzje moat wol makke wurde. Wit noch net krekt wat foar bedrach taskikt wurde moat. Zijlstra (PvdA): Stadsherstel hat prachtich wurk levere. Komt wol gauris boppe it budzjet. It plan soe eins wol trochgean moatte. It jild kin fansels altyd oars brûkt wurde, mar de doarpsfernijing yn Wergea is ek wat leger útfallen. Soe in bydrage fan 50.000 wat wêze? Wethâlder Bouma: Der is 75.000 frege en dan wurdt it sawiesa al dreech om it te realisearen. Wol de ried it gebou behâlde of net? De provinsje wol bydrage as de gemeente dat ek docht. Yn advertinsjes stiet altyd it (goedkeapste) fanôf bedrach. As it oerskot der net west hie, dan hie it kolleezje it foarstel dien om it út de doarpsfernijing te heljen. De foarsitter: Underbrekt op fersyk fan it CDA de gearkomste foar 5 minuten. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Van der Meulen (CDA): PvdA, GB2000, VVD en CDA fine it in wichtich plan en wolle 37.500 beskikber stelle. Janse (FNP): Fynt it net ferantwurde fanwegen presedinten. De foarsitter: It foarstel fan de FNP om gjin subsydzje te jaan fynt gjin stipe. Bringt it 2e foarstel (subsydzje 37.500) yn stimming. Mefrou Dekker (PvdA): Fynt dat it sa net goed giet. Stipet it kolleezjefoarstel, want de senioa rewenten binne wichtich foar it doarp. 04. Ferslach 10nov2003/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 7