BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 12 jannewaris 2004. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. It besprekken en fêststellen metodyk takenduskusje. Mid. Besletten wurdt de útstelde metodyk te hantearjen. Ek binne de folgjende ôfspraken makke: 1Op koarte termyn krije de riedsleden in regy-stik oangeande de byienkomst op 3 febrewaris. Utsprutsen is dat de wurkgroepen nei fraksje foarme wurde. De plenêre diskusje sil dêrom ekstra oandacht krije foar it "slaan fan brêgen" fan mooglike útienrinnende stânpunten. Kommisjeleden, dy't gjin riedslid binne, wurde útnoege, mar nimme net diel oan de plenêre diskusje. Opjefte foarôf fan dielnimmers is winsklik. 2. Der sil op 3 febrewaris in gelegenheid ynboud wurde om, eventueel per fraksje, om te oerlizzen mei de akkountent. Dizze sil útnoege wurde om oan- wêzich te wêzen. It tydstip sil noch fêststeld wurde oan de hân fan it skema fan de dei. 3. It kolleezje en in selekt oantal ambtners mei kennis fan saken sille beskikber wêze om, as soks winske wurdt, ynformaasje te jaan. 4.As tarieding op de wurkbyienkomst krije de riedsleden in ynformaasjepakket oardere nei program mei dêryn de folgjende gegevens, of ferwizings dêrnei: -belied en behear produkten -spearpunten en maatregels -ynvestearrings -mooglike knyppunten, ûntwikkelings en resultaten -analyze quickscan yn relaasje ta de begruttingssifers 3. It besprekken en fêststellen fan de wize fan it belûken fan belanghawwenden Mid. yn it proses fan de takendiskusje. Op 29 jannewaris oansteande fan 20.00 oant ûngefear 22.00 oere sil der in iepenbiere diskusjebyienkomst wêze. It is de bedoeling dat de belanghawwenden yn duskusje komme kinne met de riedsleden. It is net de bedoeling harren eigen spesifyk gedrach te ferdigenjen, mar in positive bydrage te leverjen yn de mooglike oplossingsrjochtings. Dit komt temjitte oan de winsk fan de ried om de problematyk te dielen mei ynwenners, ynstellings en ferienings. Der sil in eksterne diskusjelieder oanwê- zich wêze dy't mei de mikrofoan de seal yngiet om sa te soargjen foar in sinfol ferrin fan de diskusje. beslutelist 12 jannewaris 2004/owgo/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 23