Pagina 8 10. Foarstel oangeande de ôfhanneling fan it beswierskrift tsjin de wegering frijstelling (arti kel 19, lid 1 WRO) te ferlienen foar de bou fan in havenkantoar Garde Jagerswei 74 te Grou Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11Foarstel oangeande de ûnderwiishúsfesting yn mearjierrenperspektyf Bouma (VVD): Der is jild foar takom jier útlutsen. Kin it jild foar de ynrjochting fan de lokalen yn Jirnsum net pas oan it begjin fan it skoaljier dêrfoar bestimd wurde? Der is ek noch besteand meubilêr. De Vries (PvdA): Wêrom net yn de kommisje hjiroer praat? Bouma (VVD): Doe spitste it him ta op in oar punt en wie noch net alles dúdlik. Wethâlder Bouma: By in útwreiding foar mear learlingen moat der ek in ynrjochting komme foar it lokaal. It jild wurdt wol beskikber steld, mar pas opnommen op it momint dat it nedich is. De gemeente hat de plicht by ekstra learlingen in ekstra lokaal del te setten of in oare romte oan te bieden, mar dan wol mei ynrjochting. Sil nochris besjen wat der noch oan meubilêr oer is. De foarsitter: Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel ta fêststelling fan it Restauratie-uitvoeringsprogramma monumenten 2003 - 2008" Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 13. Foarstel ta fêststelling fan it bestimmingsplan Tersoal SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 14. Foarstel foar meiwurking bou nij ynformaasjesintrum Koailên 2 te Terheme Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 15. Foarstel foar in tariedingsbeslút Stationsweg 35 te Grou Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 16. Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk wenskip flakby de Stripe 19 te Terheme De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be sletten. 17. Moasje FNP en GB2000 De foarsitter: Begrypt dat de ried him efkes oer de moasjes beriede wol en ûnderbrekt de gear- komste dêrfoar. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Bijlsma (FNP): Doe't de amtner Frysk yn 1999 mei de VUT gie, is de post skrast mei de argumin- taasje dat it Frysk njonkenlytsen gendch ympleminteard wie. De praktyk foei lykwols danich óf. Brieven wurde hast net yn it Frysk beändere en der ferskine ek hast gjin Fryske stikken. It top punt is wol dat de webside fan de o sa Fryske gemeente Boarnsterhim allinne de Nederlênske, Ingelske en Dútske taal brûkt. Der hawwe genóch amtners in kursus Frysk folge. Dy moatte de webside wol fersoargje kinne. De Afûk hat yn 2001 in statyske ynformaasje oanlevere. Dy is net of hast net brûkt. Dy is stipe mei in subsydzje fan fl 2.500. De ynformaasje kin sa wer brûkt wurde. 04. verslag raad 16dec2003/absti/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 10