Pagina 9 Der is sprake fan in delgong fan it brûken fan de Fryske taal nettsjinsteande it fêststelde belied. Dat is de reden foar it yntsjinjen fan in moasje. Lést de moasje foar: "De ried fan de gemeente Boamsterhim, yn syn gearkomste fan 16 desimber 2003 byelkoar, oerwaagjende dat: - de ge meente Boarnsterhim him as Fryske gemeente nei bûten ta profilearret; - dêr it nedige belied en seis in feroardering op makke is; - de gemeente Boarnsterhim de amtners foar in goed funksjo- nearjen finansjeel en mei it beskikber stellen fan tiid stipet om kursussen Frysk te folgjen; - dat yn 2001 de AFUK de statyske ynformaasje op de webside (ynformaasje oer bestjoer en organisaasje en oer ús doarpen) oersetten hat yn it Frysk en dit stipe is mei in subsydzje fan f 2.500,00., - dat de statyske ynformaasje net feroare is, útsein mooglik in inkelde persoansnamme; - dat der by ús witten noch nea wat mei dizze oersettings bard is, beslút om: - de startpagina en de statytske ynformaasje yn it Frysk op te nimmen, mei in karmooglikheid foar de Hollénske, Ingelske en Dútske taal; - de oare pagina s sa folie as mooglik ek yn it Frysk op te nimmen, mei as argumint, dat der no sa njonkenlytsen wol foldwaande amtners wêze moatte dy 't in Fryske kursus folge hawwe en dus by steat achte wurde meie om ien en oar oer te setten, en giet oer ta de oarder fan de gearkomsten". Roorda (PvdA): De PvdA is foar it brûken fan it Frysk. It antwurd fan it kolleezje op de Afûkbrief (ynkommen stik nûmer 21) is te koart troch de bocht. Yn de nota Frysk is neat opnommen oer de webside. Men moat him ôffreegje wat de funksje fan sa'n webside is en dat is de presintaasje nei de wrâld. Fielt foar de startpagina yn it Nederlênsk en in knop foar it Frysk. Hat begrepen dat de statyske ynformaasje fan de Afûk fjouwer terreinen beslacht. Dy moat opnommen wurde kinne. Men moat der lykwols pragmatysk mei omgean. Wol it belied Frysk yn de kommisje besprekke. Janse (FNP): In webside opstelle kostet altyd jild. Wêrom spesifyk foar it Frysk kosten neamd? Der wie foar in yntegraal belied keazen. Roorda (PvdA): Oare talen binne beheinder. As alle Nederlânsktalige ynformaasje ek yn it Frysk beskikber wêze moat, dan wurdt soks kostber. Bijlsma (FNP): Yn de moasje stiet: sa folie as mooglik. En net 'alle'. Van der Meulen (CDA): Frysk is wichtich. It is de fraach hokker modus foar yntemet keazen wurde moat. Dêr wer mooglik moat it Frysk brûkt wurde, mar it moat ek yn it Nederlênsk beskik ber wêze. Wat hat it measte en béste effekt? Der moat better nei sjoen wurde. Jout dy opdracht oan it kolleezje mei. Postma (GB): Is it op haadlinen it iens mei it CDA, mar net op it léste punt. It kolleezje moat op dit stuit gjin ekstra druk op de amtlike organisaasje lizze. De Vries (PvdA): Bedoelt de hear Postma dat it Frysk no in mindere prioriteit hat? Postma (GB): Hat it sa net sein. It jildt foar alle ekstra opdrachten. Oersetten kostet jild. De startpagina op de webstek yn it Frysk soe syn doel foarbysjitte. Men moat it net twangmjittich trochfiere. Wethêlder Jonkers: Het college is niet anti-Fries. De Afûk heeft het materiaal in 2001 aangele verd. Weet niet waarom de informatie niet op de webside is geplaatst. De webside is momenteel de beste van Friesland. Er wordt gebruik gemaakt van een programma dat automatisch informatie vertaald naar het Engels en Duits. Zal bij de Afûk nagaan of dit ook voor het Fries beschikbaar is. Zelf vertalen is kostbaar 5.000 of meer op jaarbasis). Daar dan in de takendiscussie over spre ken. 04. verslag raad 1Sdec2003/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 11