BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 20 jannewaris 2004. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. De hear B. Bruinsma út namme fan Pleatslik Belang Grou oer punten 8 en 13 fan de wurklist. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Op foarstel fan de VVD en GB2000 wurdt punt 13 fan de wurklist behannele as B-stik. Oan de wurklist wurdt as punt 17 tafoege in moasje fan de PvdA oer de lo- kaasjekar fan de nije skoalle yn Akkrum en wurdt as punt 18 oan de wurklist tafoege in moasje fan J. Zijlstra, S. Janse, N. Boringa, G. de Jong en E. Ver kerk oer de kommunikaasje mei bedriuwen op Spikerboor. Fierders konform fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 1 6 desimber 2003. Mid. Konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. Konform fêststeld. 6. Undersyk betrouwensbrieven nij te beneamen riedslid de heer S. van der Meer Mid. van GB2000. Konform besletten. 7. Foarstel ta fêststelling fan it bestimmingsplan Sibrandabuorren. WWR Ofwikend besletten, te witten: 1Stim yn met de notysje "Beandering Sjochwizen Sibrandabuorren". 2. Ferklearje de ynbrochte sjochwizen fan C. van Velzen, It Lange Ein 15 yn Sibrandabuorren as grûndearre. 3. Ferklearje de ynbrochte sjochwizen fan Doarpsbelang Sibrandabuorren, de sjochwizen fan NLTO, út namme fan Maatskip Jansma, It Lange Ein 7 yn Sibrandabuorren en de sjochwizen fan Boubedriuw v.d. Bosch bv, út namme fan Maatskip Jansma, It Lange Ein 7 yn Sibrandabuorren as ûn- grûndearre. 4. Stel it bouflak fan de Maatskip Jansma, It Lange Ein 7 yn Sibrandabuor ren fêst op in breedte fan 75 meter oan de grins fan de bestimmingsplan ta, foar sa fier as it past yn de jildende miljeuwetjouwing. 5. Stel it ûntwerp-bestimmingsplan Sibrandabuorren wizige fêst. beslutelist 20 jannewaris 2004/owgo/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 48