Pagina 2 De Jong (CDA): Hat berjochten heard oer argeologyske belangen by Boarnstee. Is dat sa en le vert dat problemen op? De foarsitter: Seit ta dat de portefúljehâlder dêroer de hear De Jong ynformearje sil. Nûmer 9: De Vries (PvdA): it foarstel foar de lokaasje foar de nije skoalle yn Akkrum-East is yn novimber op grûn fan te min ynformaasje fan de wurklist helle en no leit der in brief fan GB, VVD en FNP om it no ek net yn desimber te behanneljen. Der moat in nije húsfesting fan de skoailen yn Akkrum komme en dan it leafst ûnder ien dak. In projektgroep, mei minsken mei ferstân fan saken, hat him mei de matearje dwaande hélden. De gemeente is foar in brede skoalle. De projektgroep fynt it UTD-terrein de béste lokaasje, mar dat kin om miljeuredenen net. It béste alternatyf is Ak krum-East. It kolleezje komt mei it foarstel om de grûn te keapjen. Der binne beswieren en de VVD héldt fêst, yn har opstelling stipe troch in advysburo, oan it UTD-terrein. De wethélder jout oan wat de konsekwinsjes binne, û.o. foar de subsydzje. Bouma (VVD): De wethélder hat it bestjoerlik net goed útsocht. De Vries (PvdA): Sjocht dat oars. De ried beslút yn novimber oer it UTD-terrein en set dêrmei de doar foar de skoalle op dat plak ticht. Oer de skoalle doart de ried net te besiuten. Wie it stik noch net beslútryp? De ynformaasje en presintaasje fan it kolleezje hie better kinnen. De boarger wol lykwols dúdlikheid. De mearderheid fan de ried kin no noch net beslute. Yn Grou wie de ried der oars foar de lokaasje by de A32 wol gau út. Yn 2003 ta in beslút komme en net útstelle oant maaie. Dat kin net fanwege de leauwweardigens fan de ried. Bijlsma (FNP): De brief moat yn desimber dateard wêze. De achtergrûn fan de brief is it hawwe wollen fan de kaders foar de brede skoalle en de finansjele konsekwinsjes. Akkrum-East is in twadde kar en de élders wiene der net goed fan op de hichte. Der wurde sa nochal wat foarsjen- nings út it sintrum fan it doarp weilutsen. De Vries (PvdA): Is wol nijsgjirrich nei de earste kar fan de projektgroep nei it ôffallen fan it UTD-terrein. Bijlsma (FNP): Dus is it de twadde kar. Ek sjen nei wat de befolking wol. Van der Meulen (CDA): No wer gjin diskusje oer de mooglike lokaasje fan de nije skoalle yn Ak krum en dat is spitich. No kin it kolleezje net oan de slach om nije ynformaasje te garjen. Hemminga (GB2000): Is it iens mei de FNP. Yn Grou hat oerlis mei alle partisipanten west en dat ûntbrekt hjir. PB yn Akkrum is te set mei it probleem. Is it net iens mei de brief fan 11 desimber dêr't yn oer skeaclaims praat wurdt. GB giet ynteger te wurk en wol dúdlikheid hawwe. De foarsitter: Stelt fêst dat it in debat tusken de riedsleden is, mar dat de ried deryn tastimt dat de wethélder in réaksje jout. Wethélder Bouma: De diskusje jout hénfetten oan it kolleezje. It moat net oant maaie útsteld wurde. De bestjoerskommisjes binne ferantwurdlik foar de ynbring fan de élders. Oer de brief fan 11 desimberit kolleezje fielt him ûnmachtich as troch it presidium it agindapunt foar de twadde kear ôffierd wurdt. Der binne net sa folie mooglikheden yn Akkrum. It wie in sinjaal. De foarsitter: De brief wurdt fierder foar kundskip oannommen. 04. verslag raad 16dec2003/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 4