Pagina 6 Janse (FNP): Der hat gjin oerlis mei PB Raerd west. Wurkgelegenheid is tige wichtich foar in doarp. It kolleezje kin better mei de oare partijen (PB en FLD) de plannen beprate. In wenbes- timming keart de mooglikheid fan in kantoar op. Sprekt no gjin foarkar út. Wol witte wat der mei de parkearplakken bart. Tsjinnet Jn moasje yn mei de tekst: "De rie fan de gemeente Boarnster- him byinoar yn gearsit op 16 desimber 2003, yn omtinken nimmende dat: - der gjin oerlis west is mei Pleatslik Belang Raerd; - de FLD belangstelling by it pân hat as kantoar en dit kenber makke hat by de behanneljend amters, draacht it kolleezje op om foardat ta ferkeap besletten wurdt yn oerlis mei Pleatslik Belasng en de fLD te bepalen hokker bestimming it pân krije moat. En giet oar ta de oarder fan de dei." Wethâlder Bouma: Der binne mear gadingmakkers yn Raerd. Oerlis mei PB en FLD is iensidich. By in kantoarfunksje komt mear ferkear yn it doarp en beslach op parkearplakken. Der kin ek noch in wenwurklokaasje fan makke wurde. De fraach fan de hear Van der Sluis moat noch troch miljeu útsocht wurde. Twadde termyn Janse (FNP): PB is oerlispartner foar gemeente yn doarp en FLD is in wichtige wurkjouwer yn Raerd. FLD hat mear romte nedich en it soe moai wêze as it wurk, dat útwreide wurdt, yn it doarp bliuwt. De parkearplakken sille net sa'n probleem wêze en jûns binne dy dan frij. Van der Sluis (VVD): Hat gjin antwurd krige en soe as amendemint tafoegje wolle: 'mits de naastgelegen smederij geen last krijgt van het nieuwe woonhuis.' De foarsitter: Stelt foar om de wethêlder de opdracht mei te jaan, sa't de hear Van der Sluis dy bedoelt. Dy giet dêrmei akkoart. Wethêlder Bouma: Kin dêrmei akkoart gean. It giet derom dat de smederij net yn syn besteans- sekerheid bedrige wurdt. It kolleezje kiest foar in wen- of in wenwurklokaasje. Hat PB yn de kommisje net heard oer kantoar en it doarp hat no al lést fan in protte parkearde auto's. De foarsitter: Bringt de moasje fan de FNP yn stimming. De moasje wurdt mei 1 stim foar en 15 tsjin fersmiten. Foarstimd hat it lid de hear Janse. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 8. It fêststellen fan it stappenplan foar de takendiskusje Postma (GB): Vraagt zich af of het plan van aanpak voldoende ingrediënten en kaders bevat voor een goede takendiscussie. Kan de gemeenteraad er goed mee uit de voeten. De uitgangssituatie is nog niet goed neergezet. Deze is te kort door de bocht. Er moet een toetsing binnen de ge meentelijke organisatie plaatsvinden op doelmatigheid en effectiviteit en een optimalisering van de prijs-prestatie-verhouding. Dit geldt ook voor de inzet van financiële middelen voor het te voe ren beleid. De bevindingen van de werkgroep moeten erin verwerkt worden en de door de bench- marks opgeroepen vragen moeten beantwoord worden. Aan deze punten moet inhoud gegeven. De benadering van het college berust nog te veel op drijfzand. Zaken die rechtstreeks betrekking hebben op de bedrijfsvoering kunnen niet buiten beschouwing worden gelaten. De Vries (PvdA): Al dizze saken hawwe ek oan de oarder west by de behanneling fan it beslút. It kolleezje soe ferwize kinne nei dat part yn it beslút en dat opnimme. Postma (GB): Is het daarmee eens. Het staat niet in het plan van aanpak. De kaderstellende en controlerende taak van de gemeenteraad mag niet ondermijnd worden. 04. verslag raad 16dec2003/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 8