4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 16 desimber 2003. De foarsitter: Sûnder wizigingen goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken. De foarsitter: Merkt op dat oer de stikken 12 en 13 noch in foarstel nei de ried komt. Der binne fierder gjin fragen of opmerkingen. 6. Undersyk betrouwensbrieven nij te beneamen riedslid de heer S. van der Meer van GB2000 De foarsitter: Beneamt in kommisje (de hearen Gerbrandij, Van der Sluis en Zijlstra) om de be trouwensbrieven te ûndersykjen. Underbrekt de gearkomste in pear minuten. De foarsitter: lepenet de gearkomste wer en jout de foarsitter fan de kommisje it wurd. Gerbrandij (CDA): De kommisje hat neat fine kinnen wat it beneamen fan de hear Van der Meer ta riedslid yn de wei stean kinne soe en adviseart ta beneaming. De foarsitter: Konstatearert dat it advys troch de ried oernommen wurdt. De fraksje fan GB kin yn de gearkomste fan febrewaris mei it nije riedslid kompleet fertsjintwurdige wurde. 7. Foarstel ta fêststelling fan it bestimmingsplan Sibrandabuorren Van der Sluis (VVD): Neffens de VVD hie yn ien kear der in lyts útwreidingsplan by moatten. De neamde ynwreidingslokaasjes binne partikuliere hiemen en dêr kin men neat mei. Akkoart mei it foarstel, útsein punt 3. De maatskip Jansma moat mear romte foar in boublok hawwe. Tsjinnet dêrta in amendemint yn, dat troch de fraksjes fan VVD, GB, CDA en FNP ûndertekene is. Lést it amendemint foar: "De raad van de gemeente Boarnsterhim in vergadering bijeen d.d. 20 januari 2004. Ondergetekenden stellen voor aan het raadsvoorstel het volgende toe te voegen: Stel het bouwvlak van de Maatschap Jansma, It Lange Ein 7 te Sibrandabuorren vast op een breedte van 75 meter tot aan de grens van het bestemmingsplan, voor zover passend binnen de geldende mi lieuwetgeving." De Jong (CDA): It kolleezje fynt dat der genôch mooglikheden binne foar de maatskip om yn de takomst út de wreidzjen. Dêr leit it skeel. De maatskip Jansma hat mear romte nedich foar in goede bedriuwsfiering. No al 50 stiks fee op in oar plak. In feehêldersbedriuw kin net nei in be- driuweterrein. De boeren soene yn Boarnsterhim no krekt de romte hawwe moatte. Soeten (PvdA): Kin ynstimme mei it foarstel. Begrypt dat de maatskip yn de breedte bouwe wol en net yn de lingte. It probleem is dat der gjin tekening by levere is. It grutste part fan de fraksje soe yn de takomst wol yn goedens in beslissing nimme wolle by in frijstellingsfersyk foar útwrei- ding. Hat in fraach oan de wethêlder oft soks yn fia in art. 19 proseduere kin en hoe lang soks durorret. Boringa (GB): Steunt het amendement. Wethêlder Bouma: Der hat goed oerlis west mei de oanfreger. De gemeente hat each foar de lênskiplike wearde fan de bebouwing. Oare bedriuwen hawwe dêr ek lange perselen. Men moat ek rekken hélde mei de miljeufergunning en de ôfstân ta oare bebouwing yn de gaten hélde. De Vries (PvdA): Wol dy óf stén konkretisearje. Wethêlder Bouma: It moat net yn de knoop komme mei de ôfstên ta de wentebou. Pagina 2 05. Ferslach 20-01-2004/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 10