De Vries (PvdA): Freget de wethâlder oft it goedkarren fan de breedte dus betsjut dat de oanfre- ger bliid makke wurdt mei in deade mosk. Wethâlder Bouma: Dêr komt it wol op del. Der hat gjin tekening west en it bedriuw kin út de fuotten mei de yn it bestimmingsplan oanjûne romte. It kolleezje wol agraryske bedriuwen net op slot sette. Freget wat foar grins mei de yn it amendemint neamde 'grens' bedoeld wurdt. In art. 19 proseduere soe kinne as de tekening oanjout, dat men binnen de miljeugrinzen bliuwt. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste in momint op fersyk fan mefrou Dekker. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Janse (FNP): In goed ynrjochte bedriuwsterrein is foar boeren wichtich foar in goede kostebehe- arsking. De beswieren fan de hear Jansma binne grûndearre. Dêrom stipe foar amendemint. Soeten (PvdA): De hear Jansma hat by de fraksje frege om útwreiding fan 15m. De PvdA soe akkoart gean kinne mei in breedte fan 65m. Van der Sluis (VVD): De 'grens' is de súdlike kant. In boublok fan 75m soe allinne op in lyts hoekje foaroan wat problemen opsmite: dêr kin dan gjin fee op. Fierderop is in brede stâl mooglik en nedich. Mefrou Dekker (PvdA): Snapt net wêrom de VVD 10m mear freget as de hear Jansma. Van der Sluis (VVD): Dat fan dy 65m is in minimale eask en de VVD wit hoe't sokke bedriuwen derút sjen moatte foar in goede bedriuwsfiering foar de takomst. Wethâlder Bouma: It is spitich dat it kolleezje en it amtlik apparaat net op de hichte steld binne mei help fan tekeningen. No is der in protte in gesteggel oer 65/75m. De miljeuregels moatte yn acht nommen wurde. It kolleezje wie ek al fan de súdgrins útgien. Postma (GB): Hoe ferhâldt dy 65m him ta de miljeukontoeren? Van der Meulen (CDA): De miljeuwetjouwing is bepalend foar it al of net ferlienen fan in boufer- gunning. Wethâlder Bouma: By de 25m ferbreding komt men binnen de miljeugrinzen. Van der Meulen (CDA): Yn it amendemint wurdt oanjûn dat it binnen de jildende miljeuwetjou wing passé moat. De Vries (PvdA): Begrypt dat by 65m der gjin problemen mei de miljeugrinzen binne en dat der fia de art. 19 proseduere fierdere útwreiding mooglik is. Wethélder Bouma: Dat soe kinne, mar dan mear nei it suden ta. De foarsitter: Bringt it amendemint yn stimming. Van der Meulen (CDA): Is foar de 75m. In art, 19 proseduere kostet jild en foaral tiid. De Vries (PvdA): Is tsjin. Mei 65m en art. 19 achter de hân leit der in goed foarstel. Pagina 3 05. Ferslach 20-01-2004/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 11