De foarsitter: It amendemint wurdt mei 11 stimmen foar en 5 tsjin oannommen. Tsjin stimd hawwe de leden Dekker, Roorda, Soeten, De Vries en Zijlstra. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 8. Foarstel om yn te stimmen mei de útgongspunten en de oplossingsrjochtingen sa as neamd yn de rapportaazje "Grou in beweging" De foarsitter: Draacht it foarsitterskip by dit punt oer oan de hear Roorda. De foarsitter: Wiist op de set hantekeningen dy't de foarige kear oer it swimbad oanbean binne. Mefrou Troost (GB2000): GB is zeer positief over de plannen. De communicatie met de betrok kenen zal goed moeten blijven. Het zwembadplan is zeer ambitieus en het vraagt een degelijke inspanningsverplichting. De financiële onderbouwing dient binnen de gestelde kaders plaats te vinden. Alle partijen moeten een convenant tekenen. Financiële waakzaamheid blijft geboden. Bouma (VVD): De VVD hat wurdearring foar it rapport. It moat binnen de finansjele kaders. Op lange termyn sa útfiere sa't men it foar eagen hat. Der moat in goede weromkeppeling yn de foarm fan rapportaazjes wêze. It moat gjin ferheging fan lésten foar de boargers fan gefolgen hawwe. Van der Meulen (CDA): It CDA is ynnommen mei de beliedsstrategy foar Grou. Sport, ûnderwiis en soarch krije hjiryn har gerak. Der moat op tiid rapportearre wurde en it moat binnen de finans jele kaders. It hat in foarbyldfunskje foar de oanpak yn oare doarpen. Janse (FNP): De ried moat de finansjele en planologyske kaders oanjaan. Wurdearring foar de op- set fan it rapport. Stiet achter de trochbraak fan in tal problemen. Der binne 27 plannen, dêr't guon al fan realiseard binne. De FNP hat betingsten by in pear plannen of ûnderdielen dêrfan: De wettertaksy hoecht net per see. It keunstgersfjild mei net op kosten gean fan winsken fan oare kuorbalferienings yn de gemeente. Foar de seale-akkommodaasje heart wat ek foar oare doarpen jildt: eigen wurksumheid. It swimbad heart thús yn de takendiskusje fanwegen de grutte ynves- tearring. De ideeën foar de Groundaam en it Nij Djip hearre fêststeld te wurden by de struktuers- kets. It is spitich dat dy noch net fêststeld is en dat hat de ferhâlding fan it kolleezje mei PB Grou gjin goed dien. De ried moat goed ynsicht hawwe yn de kosten fan de plannen en de finansjele middelen. De dúdlikheid wurdt yn it foarstel net jûn. Men wit net wat de opbringsten fan de frij- kommende lokaasjes binne en de boekwearden fan de oanbelangjende gebouwen binne net be kend en dat jildt ek foar de gemeentlike kosten foar soarchwenten en senioarehúsfesting. De be draggen foar it tekoart foar it swimbad/sporthal rinne ek útinoar fan 113.000 nei 140.000. Hoe wurde jilden út it mearjierreynvestearringsplan ynpast? De 340.000 fan de âlde OSG moat neffens de FNP nei de algemiene reserve en dan kin men letter yn de takendiskusje dêroer beslu- te. De kapitaalslêsten en de eksploitaasje fan swimbad/sporthal soene minder wêze yn 2006 en dat sjocht der no oars út. Budzjetêr neidiel is foar de FNP net akseptabel. It is ek spitich dat de kommunikaasje mei de eigners fan de atouboksen achter it gemeentehûs misgien is. Der sille goede alternativen bean wurde moatte. De FNP kart it óf dat it kolleezje in konvenant sletten hat foardat de ried oer it foarstel besletten hat. De Vries (PvdA): Sûnder beweging gjin feroaring en sûnder feroaring gjin foarútgong. Hat wur dearring foar de soarchfâldigens fan it kolleezje yn it proses en foar de ynset fan de oanbelang jende organisaasjes. Der is no in breed draachflak. De oplossingen sprekke oan en der sprekt dy- namyk út. Der sille dúdlike rapportaazjes weromkomme moatte. Hy makket in lyts foarbehâld by de plannen swimbad/sporthal. Wol net safier gean om dat te belûken yn de takendiskusje, mar wol graach de útwurking fan dy plannen mei in finansjele Onderbouwing temjitte sjen. Is it mei de Pagina 4 05. Ferslach 20-01-2004/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 12