Pagina 5 FNP iens om jild fan de âlde OSG yn de algemiene reserve ûnder te bringen en der letter oer te besluten. Ynstimming mei de oare punten. It moat budzjetêr neutraal. Dijkstra (portefúljehâlder): Meiwurkers en organisaasjes hawwe tige har bést dien om dit stik klear te krijen. De ried wol stjoer hélde oer it proses. Dêrom sil der per projekt of klusters fan pro- jekten rapportaazjes nei de ried komme. It moat in 'zelfvoorzienend geheel' wêze. Jûn wurde der gjin krediten beskikber steld, mar de élde kompleksen moatte derby belutsen wurde, sa as de él- de OSG. De foarsjennings moatte de boargers fan de gemeente ten goede komme. Alle organis aasjes moatte oan de bank om binnen net al te lange tiid de negative Ontwikkelingen om te bû- gen. Foar it swimbad leit in ynspanningsferplichting. Der binne alderhanne inisjativen op dat mêd. It moat net liede ta ferheging fan lésten foar de boarger. Mei in konvenant jouwe organisaasjes oan dat men har derfoar ynsette wol. En de ried stiet dan net bûten spul. Janse (FNP): It konvenant is al tekene foardat it rapport goedkard is en fynt dat net in goede saak. Dijkstra (portefúljehélder); Tinkt der oars oer, want de ried moat net mei loaze ferhalen konfron- teard wurde. Yn febrewaris wurdt der in konvenant sletten mei de sport en letter yn de moanne folget noch in konvenant. Dan leit der in skriftlik stik Onder en dat past binnen de kaderstelling. Miskien kin de 'Grouster metoade' ek foar oare doarpen tapast wurde. De opbringsten fan de projekten moatte brûkt wurde yn it kader fan dat projekt. De finansjele aspekten en it maatskiplik draachflak moatte per projekt yn kaart brocht wurde. Mei de struktuerfisy fan Grou hie it miskien oars moatten. Mar der moat wol wat barre en men moat net in proseduerefetisjist wurde. Der moat in trochbraak forseard wurde. It is nochris mei PB trochpraat. Der is in ôfspraak makke oer it fêststellen fan de struktuerfisy oan de ein fan it kwartaal. De autoboksen foarmje in Onderdiel yn it totale proses en der moat in mooglikheid komme foar yndividuen om spesifike ynformaasje te krijen. It kolleezje tinkt oan in aparte ynformaasjetelefoan. Hooplik is mei twa jier it earste On derdiel yn konkreto sichtber. De opbringst fan de élde OSG heart ta it prinsipe fan it 'zelfvoorzie nend' karakter en sil nedich wêze. Twadde termyn Van der Meulen (CDA): Is wiis mei de aktive opstelling fan it kolleezje. De rjochting is dúdlik oanjûn en it CDA kin ynstimme mei it foarstel. Oer it bestimmen fan de reserve komt der in foar stel nei de ried ta en dan kin dêroer besletten wurde. Janse (FNP): Hat problemen mei de finansjele kaderstelling. De krediten binne straks it gefolch fan de kaders dy't no steld wurde. In konvenant kin sletten wurde as de ried mei de plannen ak- koart gien is. Wol gjin proseduereridder wêze, mar der kinne skelen Ontstean omdat de prosedue- res net yn oarder binne. De finansjele kaders, de Onderbouwing dêrfan, binne net dúdlik genôch. De opbringsten fan de lokaasjes binne Onbekend. Tsjinnet in troch de FNP Ondertekend amende- mint yn: "1Stel noch net de finansjele kaders fêst sa as dat yn punt 2 útsteld wurdt; 2. Draach it kolleezje op, de finansjele gegevens te jaan oer de opbringsten fan de yn te bringen lokaasjes en de boekwearden en de kapitaalslêsten en stel dêrnei de finansjele kaders fêst.". Van der Meulen (CDA): Freget wat foar dúdlikheid de FNP dêrmei tinkt te krijen. Janse (FNP): Dan wit men de bedraggen dy't beskikber steld wurde. Van der Meulen (CDA): Men kin dy ynskatte. De eksakte opbringsten binne pas bekend as de hantekening set is. 05. Ferslach 20-01-2004/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 13