Janse (FNP): It kolleezje rúst dat oars ek, lykas by de opbringst fan de skoalle te Akkrum. Postma (GB): Freget oft de FNP it mei it prinsipe iens is om de opbringst fan de kompleksen foar it projekt yn te setten. De foarsitter: Hjit wilens de hear Hemminga wolkom. Janse (FNP): Is it mei dat prinsipe iens, mar wol de opbringsten foardat de kaders steld wurde. Foar in goede ôfwaging fan de diskusje tsjinnet de FNP in troch har Ondertekend amendemint yn: "Beslis no net oer de bou fan it swimbad, mar nim dit yn behanneling by de takendiskusje." De Vries (PvdA): De ried wol it stjoer hâlde. It antwurd fan it kolleezje jout betrouwen. It is net yn alle situaasjes moogiik de boekwearde te jaan. Der moat wol sa gau mooglik ynsjoch dêryn komme. Fynt it net wiis om de boekwearde fan de OSG op dit stuit yn it proses te belûken. Dat leaver yn in letter stadium. Dijkstra (portefúljehâlder): Fernimt dat de ried graach trochpakke wol. Der wurde jûn gjin kredi- ten frege en de oanbelangjende kompleksen moatte brûkt wurde, ek de opbringst fan de âlde OSG. De konvenanten binne in helpmiddel foar gemeente en organisaasje. Janse (FNP): In konvenant is in fierdere útwurking fan in riedsbeslút. Postma (GB): Snapt de opstelling fan de FNP net. De ried freget konstant fan it kolleezje om yn petear te gean mei organisaasjes. Dijkstra (portefúljehâlder): De ried jout it kolleezje de opdracht om fierder te gean. Oer de fuort- gong, benammen ek de finansjele kant, moat de ried rapportearre wurde. Dat kin no noch net yn finesses. Der is foar de ried ek in maatskiplike ferantwurdlikheid en foar it swimbad binne der op dit stuit in pear Ontwikkelingen dy't perspektiven biede. Der leit in gat en it kolleezje wol dat gat tichtmeitsje, lykwols net op kosten fan de boarger. It kolleezje tinkt it jild fan de âlde OSG nedich te hawwen. Der sil oer rapportearre wurde yn de rin fan it proses en dan kin dêroer besletten wurde. De foarsitter: Merkt op oer amendemint 1 fan de FNP, dat it kolleezje yn in lettere faze ynfor- maasje jout oer finansjele gegevens en nei oanlieding fan amendemint 2 fan de FNP, dat it kollee zje it swimbad budzjetêr neutraal útfiere wol. Janse (FNP): Freget om in koarte ûnderbrekking. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste in momint. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Janse (FNP): De FNP lûkt amendemint 2 yn. Rekkent derop dat it sa útfierd wurdt as tasein en dat it betelber bliuwt foar de ynwenners. Wol amendemint 1 sa wizigje, dat it jild fan de âlde OSG yn de algemiene reserve komt. De foarsitter: Konkludeart dat dêrmei punt 2.2 ûnder punt 2 fan it kolleezjefoarstel ferfalt. De Vries (PvdA): Hat fan de portefúljehâlder begrepen dat dy dêrmei ynstimde en dan is it amendemint net needsaaklik. Pagina 6 05. Ferslach 20-01-2004/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 14