ling yn de kommisje kin it as A- of as B-stik nei de ried yn maart. Wol in snellere en strakkere re- zjy- Hemminga (GB2000): Wol ferantwurde beslútfoarming, mar it moat net te fluch gean. Is it net iens mei de opmerking dat de wurkwize fan de gemeenteried ûnrêst feroarsake hat yn Akkrum. Dat giet te fier. Op 3 novimber hat GB fragen steld, dy't noch beäntwurde wurde moatte. De lo kaasje Akkrum-East wie net de earste kar. In yntegrale ôfwaging wie net bekend en rânebeting- sten fan guon partijen ek net. In ûndersiker fan buten is in bytsje in brevet fan ûnfermogen nei kolleezje en ried ta. De tiidsdruk foar PB Akkrum-Nes wie net ferantwurde. De opdracht oan de ûndersiker is net kompleet (û.o. de grûnferwerving ûntbrekt). De fragen yn de bylage binne tefol- le rjochte op de lokaasje Akkrum-East. Fersoepeling fan miljeuregels biedt miskien ek nije per- spektiven. Der komt ynkoarten in diskusje oer de brede skoalle en GB hat noch wol fertrouwen yn it kolleezje. Bouma (VVD): De VVD is fernuvere oer de moasje en sjocht is as in moasje fan wantrouwen. It presidium hat it kolleezje om ynformaasje frege en dat wol de VVD ôfwachtsje. It kolleezje hat in aktive ynformaasjeplicht. Van der Meulen (CDA): De diskusje moat flot lutsen wurde. Dêryn kin it CDA him fine. Der binne nochal wat aktoaren dy't belang hawwe by de brede skoalle. Ta in modus komme om sa koart mooglik te kommen ta in diskusje yn kommisje en ried. De ynformaasje fan alle belanghawwen den moat boppe tafel komme. Mooglik fia in ûndersiker. De Vries (PvdA): Is fernuvere oer wurden as brevet fan ûnfermogen. It hat te meitsjen mei ferskil fan ynsjoch. De rinnende inisjativen binne ûnderdiel fan de ynformaasjefoarsjenning. Der is ûnrêst yn Akkrum. De PvdA wol mei ûndersyk foarkomme dat alle lokaasjes wer ûndersocht wurde. Men moat net alles opnij oerdwaan. It is gjin moasje fan wantrouwen, mar in eigen inisjatyf. De bedoeling is om op sa koart mooglike termyn (yn maart) los te kinnen op grûn fan folsleine yn formaasje. Wethâlder Bouma: It is in dúdlik foarstel. It kolleezje is te set mei de beäntwurding fan de fra gen fan it presidium. Der komt yn febrewaris in diskusje oer de kadernotysje 'De brede skoalle'. Begjin jannewaris is de wurkgroep út Akkrum útnoege. It kolleezje koe fragen fan de wurkgroep beäntwurdzje en de wurkgroep soe foar febrewaris witte litte hoe't men oer de foarstellen tinkt. De ried is, ek troch eigen inisjatyf, goed op 'e hichte. Der is miskien noch wol in gelegenheid om foar maart ynformaasje oan te leverjen, mar de ried mei ek fia in ûndersyk fan in ekstern deskun dige mear ynformaasje sammelje. Der moat ynkoarten in beslút oer de skoallen yn Akkrum nom- men wurde. De Vries (PvdA): De PvdA wol de rezjy wat strakker en dúdliker. Begrypt fan de wethâlder dat dy posityf foar in ûndersyk oer stiet. Wethâlder Bouma: It giet om de beäntwurding fan de fragen. Siket nei in kombinaasje fan fra gen fanút it presidium en fan de moasje. In meiwurker soe it ûndersyk ek dwaan kinne. Twadde termyn Hemminga (GB2000): It giet om de goede lokaasje foar de skoalle. GB fynt wol dat alle lokaasjes ta de diskusje hearre. De Vries (PvdA): As it bliken docht dat alle belutsenen it iens binne oer ien lokaasje, dan hoecht net alles opnij ûndersocht te wurden. Is it UTD-terrein noch in reële opsje foar GB? Pagina 10 05. Ferslach 20-01-2004/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 18