Pagina 11 Hemminga (GB2000): Dat soe kinne, ek mei it each op de fersoepeling fan miljeuregels. De Vries (PvdA): Freget him óf hoe't dat past by de eardere beslútfoarming oer de ynfolling dat terrein. Hemminga (GB2000): It kin ek tsjin it UTD-terrein oan, útgeande fan miljeusirkels. It is ien fan de alternativen. Hat 'brevet fan ûnfermogen' net bedoeld foar wa dan ek. Der sit in kostenaspekt oan in ekstern ûndersiker. Krige de yndruk fan de wurdfierder fan PB dat de tiidsromte hiel krap Wethâlder Bouma: Hat datselde fan de minsken fan de wurkgroep net heard. Fynt it net in goe de foarm fan kommunikaasje. Hemminga (GB2000): As dat sa is, dan is hy it dêrmei iens. Der moat folsleine ynformaasje komme oer de alternative lokaasjes en de problematyk dêrfan. Bouma (VVD): It útgongspunt is in goede lokaasje. Der is in ferkearde start makke, want der wie te min ynformaasje. Fertrouwt derop dat de ûntbrekkende ynformaasje noch komt. De Vries (PvdA): De VVD fynt ek dat in ynhelslach gjin kwea kin. De PvdA wol oan de hân fan fragen fan alle partijen de goede ynformaasje boppe tafel krije, al of net mei in eksterne adviseur. Bouma (VVD): It presidium hat in dúdlike opdracht jûn en hy ferwachtet dat de frege ynformaas je beskikber komt. De Vries (PvdA): Freget oft de moasje dêr wat oan tafoeget. Bouma (VVD): Nee, want dat kin op dit momint net fêststeld wurde. Van der Meulen (CDA): Der moat genóch en goede ynformaasje komme. It moat net sa wêze dat straks bliken docht dat de ynformaasje tekoart sjit. En dat wol de moasje foarkomme. Ien fan bó ten kin der fris en ûnôfhinklik tsjinoan gean. Bijlsma (FNP): Yn desimber is al konstateard dat der te min ynformaasje op tafel lei foar in goed oerwoegen beslút. Dat is yn it presidium goed útienset. Yn diskusje yn febrewaris frijút prate oer de brede skoalle. De fragen oangeande it lokaasjeprobleem moat men mei dizze moasje net ûnder druk sette. De Vries (PvdA): De reaksjes binne dúdlik. De moasje jout in breder ynformaasje-oanbod. Wiist der nochris op dat der net perfoarst in ekstern deskundige by belutsen wurde moat. It giet om de beäntwurding fan de fragen. De foarsitter: Bringt de moasje yn stimming (mei de oanfolling fan de hear De Vries). Hemminga (GB2000): Is net allinne tsjin in ekstern ûndersiker, mar benammen ek tsjin de tend- ins fan de fragen. Mefrou Verkerk (VVD): Tsjin de moasje en de fragen sa't dy steld wurde. Is foar in ûnôfhinklik ûndersyk. 05. Ferslach 20-01-2004/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 19