fan Postma kombinearre en de dualistyske wetten pasten tige by him. De foarsitter hopet dat Postma as lobbyist foar it Noarden ek yn positive sin wat foar Boarnsterhim betsjutte kin. Biedt as blyk fan wurdearring in transparante kristallen skaal mei it wapen fan Boarnsterhim dêryn oan. Postma (GB): Betanket de foarsitter en de riedsleden foar de gearwurking. Fynt ek dat er te beti- id opstapt, benammen no mei de takendiskusje yn it foarútsicht, mar troch syn nije funksje kin er te min oanwêzich wêze en de 'verenigbaarheid' is dêrby ek yn it geding. Yn de rin fan syn rieds- lidmaatskip hat er sjoen dat der saakliker en effisjinter wurke wurdt en der mear omtinken is foar de prosesmjittige oanpak. In Ontwikkeling dy't op alle oerheidsnivo's in hyltyd grutter plak yn- nimt. Der is ek mear iepenheid fan stikken kommen en de gemeente is no krekt it paad fan it dua lisme ynslein. De tsjinstferliening oan de boarger moat better en miskien oars organisearre wurde. Ried en kolleezje soene in missionstatement slute moatte, dêr't iepenheid en transparant hannelj- en skaaimerken fan binne. Hy hat it wurk, ek yn oare maatskiplike funksjes, dwaan kinnen troch de meiwurking fan it thúsfront, de fraksjeleden, de amtlike organisaasje en de riedsleden. 20. Slute De foarsitter slút de gearkomste om 00.20 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 1 7 febrewaris 2004 er, en amtlike meiwurkers likernôch 15 minsken. Dijkstra Pagina 14 05. Ferslach 20-01-2004/absh/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 22