BOARNSTERHIM gemeente B E S L U T E L 1 S T Riedsgearkomste: 17 febrewaris 2004. Nû. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der binne 4 ynsprekkers. 3. Beëdiging fan it nije riedslid, de hear S. van der Meer út Grou. Mid. De hear Van der Meer wurdt beëdige. 4. It fêststellen fan 'e wurklist. Op fersyk fan de PvdA, VVD, FNP en GB 2000 wurdt punt 16 fan de wurklist as B-stik behannele. Foar it oare konform fêststeld. 5. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 12 en 20 jannewaris Mid. 2004. Ferslach fan 12 jannewaris: konform fêststeld. Ferslach fan 20 jannewaris: oangeande punt 18 fan de wurklist merkt de hear S. Janse op dat de moasje net troch de FNP yntsjinne is. De moasje is yn- tsjinne troch in oantal riedsleden. Dizze nammen neame. Mei achtslaan hjirfan wurdt it ferslach fonform fêststeld. 6. Ynkommen stikken. Mid. Konform fêststeld. 7. Foarstel oangeande fasilitearing Friese Programmaraad. B&S Ofwikend besletten. Besletten wurdt de nedige 950,-- te heljen út de post ûnfoarsjoen. 8. Foarstel ta it wegerjen fan de bou-oanfraach en it frijstellingsfersyk foar de WWR bou fan in opslachromte foar fiskerijmateriaal op it perseel De Slûs 1000 te Terherne. Konform besletten, mei de tasizzing fan de wethâlder dat oerlis fierd wurdt mei de hear De Vries om yn ridlikens ta in oplossing te kommen. De ried wurdt yn 2 moanne ynformearre oer de útkomst hjirfan. 9. Foarstel ta herbeneaming fan riedskommisjeleden. Mid. Konform besletten. 10. Foarstel ta it ôfhanneljen fan it beswierskrift rjochte tsjin de ôfwizing fan it Mid. fersyk om planskea yn ferbân mei it pleatsen fan in brêge oer de Nauwe Galle te Grou. Konform besletten. beslutelist 17 febrewaris 2004/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 55