Pagina 4 De foarsitter: Wol ek mear helderheid oer de ynfolling fan dy dei. De hear Krijger: Stelt voor dat men fractiegewijs de besprekingen wil voeren en dat ambtenaren beschikbaar zijn om toelichtingen te kunnen geven. Er moet aan het eind van de bijeenkomst een bruikbaar pakket uitgerold zijn. Bijlsma (FNP): Wiist op it gefaar dat de fraksje dan de loopgraven fan tefoaren al ynnimme. Hemminga (GB2000): Docht it foarstel om op in pear mominten op dy dei plenêr byinoar te kommen. Janse (FNP): Freget oft yn it trajekt foarôf ek de beskikking wêze kin oer eksterne deskundigen. De hear Krijger: Er komt een pakket van programma's op tafel liggen. Dat eist de nodige voorbe reidingstijd. Er zou een aantal geselecteerde ambtenaren beschikbaar moeten zijn om toelichtin gen te kunnen geven. Er komt een indeling volgens het drieluik om per groep daarin de kandidaat programmapunten aan te wijzen. Er vindt naderhand een plenair debat plaats. Dat proces herhaalt zich een aantal keren. Aan het einde van de bijeenkomst is er een lijst van onderwerpen vastge steld, waar verder over gepraat zal worden.Het pakket komt weer voortijdig op tafel voor infor matie en onderzoek voor de definitieve besluitvorming op 18 en 24 maart. Janse (FNP): Freget wat de rol fan de kolleezjeleden op 3 febrewaris is. De foarsitter: Stelt him foar dat de fraksjes de diskusje fiere en dat de amtners en wethâlders op ôfrop beskikber binne. Der wurdt besletten dat ek de kommisjeleden-net riedsleden by de fraksjebesprekkingen oanwê- zich binne, mar dat dy net oan de plenêre diskusje dielnimme. De dielnimmers beskikke oer in pakket fan ynformaasje lykas taljochte is. Foar 18 maart is der in útwurking beskikber fan it op 3 febrewaris fêststelde pakket, mei dêryn de konsekwinsjes fan de stappen en mooglike rûzingen fan opbringsten. Hemminga (GB2000): Wol graach dat de eksterne akkountant op 3 febrewaris op ôfrop beskikber is. Hat soms ferlet fan in second opinion. Van der Meulen (CDA): Twifelt oan de ekstra wearde dêrfan. Der leit al hiel wat ynformaasje no op tafel en de opmerkingen en de eardere taljochting fan de akkountant binne bekend. It soe de diskusje fertroebelje kinne en sjocht dêrom it nut en de needsaak net. Janse (FNP): De oare fraksjes hoege der gjin gebrûk fan te meitsjen. Van der Sluis (VVD): Men soe beiangrike f ragen ek op in oar tiidstip oan de akkountant foarlizze kinne. Zijlstra (PvdA): Sûnder deskundigen kin men koarter om 'e hoeke. En men sil de tiid wol nedich hawwe. Postma (GB): Men moat ta in bepaalde kar komme en dêrby spilet de kwaliteit fan de ôfwaging (de fisy fan de akkountant derby belûke) in grutte rol. De hear Krijger is diskusjelieder en rezjy- fierder. Soe de akkountant op ôfrop foar bygelyks in oere derby hawwe wolle. Ferslach 12012004/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 6