Hemminga (GB2000): As it hielendal achteroan komt hawwe de minsken it gefoel dat it allegear- re al besletten is. De Jong (CDA): De belangegroepearings kinne mei in tsjinfoarstel komme, wol mei de opdracht om op de nulline út te kommen. Zijlstra (PvdA): Miskien kin der genôch op in oar flak besunige wurde. De foarsitter: De ried moat him útsprekke oer de meast winsklike situaasje. Fielt foar de foarfa- Janse (FNP): Fynt it gefaar dan dat groepearings it gefoel krije kinne dat sy de hals seis yn de strûp lizze. De foarsitter: As de ried dúdlik meitsje kin wat de needsaak is, dan kinne de minsken miskien mei suggestjes komme. Men moat it op in heger plan bringe. De kâns op in posityf effekt is dan it grutst. De griffier sil yn oerlis mei it presidium ôfspraken meitsje oer de manier wêrop oft de diskusje ein jannewaris fierd wurdt. It sil op 'e tiid yn Op 'e Hichte publiseard wurde. De jûn wurdt fêststeld op 29 jannewaris fan 20.00 oant 22.00 oere. De ried giet dan yn petear mei or- ganisaasjes/ynstellings oer de needsaak fan ombûgings. 4. Bespreken resultaten/analyse quick-scan. De foarsitter: Stelt fêst dat de fraksjes de quick-scan earst goed bestudearje wolle. Slút de gearkomste om 23.10 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 1 7 febrewaris 2004 de foarsitter. i like tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers gjin minsken Pagina 6 Ferslach 12012004/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 8