BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 20 jan- newaris 2004 om 20.00 oere yn it Riedhûs te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra en J. Roorda fan GB2000: Mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N. Boringa, J. Hemminga en H.G. Postma fan de VVD: mefrou E. Verkerk, de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij, D. van der Meulen en G. de Jong fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou J. Bouma-van den Brink en de hearen Y. Dijkstra en H.A. Jonkers Mei kundskip ôfwêzich: mefrou K. van den Berg-Wiersma 1lepening. De foarsitter hjit elkenien wolkom op de earste riedsgearkomste yn 2004. De hear Hemminga sil wat letter komme. Oan de aginda wurde twa moasjes taheakke. len fan de PvdA oer de nije sko- alle yn Akkrum (wurdt punt 17) en ien fan alle fraksjes oer kommunikaasje Spikerboor (wurdt punt 18). 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. De hear Bruinsma (oer punt 8 en 13): De Garde Jagerswei heart ta Grou-Noard neffens de stra- tegyske fisy 'Grou in beweging'. Hellet in tal passaazjes út dat rapport oan dy't oanjouwe dat earst de struktuerfisy mei PB ôfrûne wurde moat. Dat sil dit foarjier noch barre. Yn Grou-Noard leit de takomstige útwreiding fan it doarp. Pas nei it fêststellen fan de struktuerfisy kinne der ôf- woegen besluten nommen wurde. By besluten op dit stuit sûnder spegeling oan de struktuerfisy kin de takomstige Ontwikkeling fan it gebiet frusteard wurde. PB is net tsjin yndustriële aktivitei- ten yn dat gebiet, mar dat moat mei fisy barre om te foarkommen dat men yn de takomst kon- fronteard wurdt mei saken dy't net wêze moatten hiene. LOd- en stanksirkels fan 50-100m kinne wentebou dêr yn de wei stean. De eksploitaasje kin negatyf útfalle en foar mear kontinginten soe men dan útwike moatte nei de oare side fan de A32 of oer it kanaal en yn dy rjochting wol PB net. Freget fan de ried om noch in pear moanne te wachtsjen. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Mefrou Verkerk (VVD): De VVD wol punt 13 graach as B-stik behannelje. Postma (GB): GB slút him dêrby oan. De foarsitter: Stelt fêst dat de ried him dêryn fine kin en sa wurdt besletten. 05. Ferslach 20-01-2004/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 9