De hear Janse (FNP): It giet yn de notysje ek om permanint brûkte rekreaasjewenten. De no- tysje is oanset om dit gebrûk te regeljen. De FNP is yn prinsipe tsjin it omsetten fan de be- stimming rekreaasje nei de bestimming permanint. As it net oars kin, dan moat der in oplos sing socht wurde. Troch tasizzings út it ferline (foar de Herne, de Achte, Utbuorren en Lou- wer om 'e Tún) is sa'n situaasje ûntstien. Foar Louwer om 'e Tún wurdt yn de notysje allinne de bestimming rekreaasje neamd, wylst PB en bewenners wize op it tastean fan permaninte bewenning yn it ferline. De FNP wol witte yn hokker stikken dat allegearre stiet en de stikken ek ynsjen. De kommisje artikel 10 kin oanjaan oft de permanint bewenne rekreaasjewenten fan de kontinginten ôfgeane of net. Kin de ried it bestimmingsplan noch wizigje as it stânpunt fan de provinsje neidielich is foar de kontinginten? De notysje is ek beliedsfoarmjend foar de rest fan de gemeente. De gefolgen dêrfan kin de FNP net oersjen. En wat is it ferlet oan re kreaasjewenten as alle of in grut part fan de rekreaasjewenten in permaninte bestimming krije? Moatte der nije rekreaasjekompleksen yn it bûtengebiet ûntwikkele wurde? De FNP kin him fine yn de regulearingsmoooglikheid (kar nr. 3). De fraksje hat der wol muoite mei dat troch dizze notysje 9 yllegale sjalets legaliseard wurde. Oan de yllegale bou moat in ein mak ke wurde. Der is sprake fan frijstellingsmooglikheden (steancaravans nei rekreaasjewenten). Dy soe der net wêze moatte. De wethâlder hat sein dat soks net koe op de Sâltpoel en op Oan 'e Poel. Dy dúdlikheid jout de notysje net. It soe dan ek net jilde moatte foar de strân- camping. De neamde kwaliteitsferbettering is in goede saak. Mar hoe kin soks garandearre wurde? Kin meigean mei de PvdA om it punt fan de permaninte bewenning der earst út te lit- ten. Mefrou Verkerk (VVD): Is bliid mei it foarstel. It tal toeristyske kampearplakken moat bestean bliuwe. De VVD dielt de miening fan de feriening 'Vrij Wonen': frijstelling foar permaninte bewenning as der oan de technyske ynrjochtingseasken foldien wurdt en as der mei ynstim- ming fan de gemeente yn it ferline boud is. De permaninte bewenning wurdt tastien op grûn fan it gewoanterjocht. De bewenners binne faak âlderen dy't earder har foarige wente al foar de wenningmerk fia ferkeap ta beskikking steld hawwe. Foar nije rekreaasjewenten jildt it folgjende: dy meitsje ûnderdiel út fan in rekreaasjekompleks mei in ferplichte bedriuwsmjittige eksploitaasje en meie net ôfsûnderlik ferkocht wurde. Der wurde nochal wat wenten as per manint bestimd en it is ek foar de VVD de fraach wat foar gefolgen dat hat foar de kontingin ten. Binne der mooglikheden foar ynwreiding en senioaren, sadat it past binnen it kader fan de provinsje? It mei gjin ferdringingseffekt hawwe. Allinne de wenten oan it Kupersleantsje foldogge oan de bestimming rekreatyf. De VVD is bliid mei de gearwurking fan de 4 ûnder- nimmers om de kwaliteit fan de campings te fergrutsjen. Fynt de beneaming 'vakantiewonin gen/stacaravan' ferwarrend. De steancaravan moat in goedkeap fakânsje-alternatyf bliuwe. 'Vakantiewoning' feroarje yn byg. 'chalet'. Der moatte dúdlike begrinzingen oanjûn wurde. It stik lit hjir en dêr noch wat saken iepen. Dúdlike hanthaving by sjalets (70 kante meter). De VVD kin har fine yn de 50 sjalets foar de strâncamping. De plannen fan Smit sjogge der goed út, mar it kin neat wurde as der gjin goede alternativen foar de bewenners komme. Oan 'e Poel bliuwt in moaie lokaasje foar in camping, mar de kwaliteit moat ferbettere wurde. Mefrou Troost (GB): Bliid mei de kwaliteitsslach foar de rekreaasje yn Terherne. Oan 'e Poel is in prachtich plak foar toeristysk kampearen. Hat muoite mei de legalisaasje fan de 8 sjalets op de strâncamping. Der sil goed op de hanthaving let wurde moatte. Ek goed de kontinginten yn de gaten hâlde oangeande de permaninte wenbestimmingen fan de rekreaasjewenten. Is it iens mei it útstel fan de FNP op dit punt. De hear Van der Meulen (CDA): Is wiis mei de notysje. No moat de kwaliteitsslach makke wurde. De diversiteit yn de rekreaasje-mooglikheden moat bestean bliuwe. De ûndernimmers moatte har brea fertsjinje kinne. De notysje hat der aardich inlykwicht yn fûn. De gearwurking Pagina 9 04. Ferslach 17-02-2004/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 11