Mefrou Dekker (PvdA): De notysje jout it gefoel dat in kar foar bepaalde opsjes makke wurde moat. Yn dat gefal kieze foar opsje 3, want der moatte gjin simmerwenten op Oan 'e Poel komme. De klassike ynhâld fan 35 kante meter stiet de PvdA wol oan. By frijstelling, byge- lyks by modernisearing, mei it wol wat grutter wêze. Wol ek mear dúdlikheid oer de tapassing fan 70 en 120 kante meter. Der sil ek in algemiene regel komme moatte foar it al of net tas- tean fan permaninte bewenning. As der ûndúdlikheid bliuwt dan dit ûnderdiel derút helje. Wethâlder Bouma: Goede plannen kinne yn it bestimmingsplan meinommen wurde. It giet no oer it rekreaasjebelied, dat ek de kaders oanjout foar de rest fan de gemeente. Tagelyk moat de gemeente ek mei it bestimmingsplan foar Terherne fierder en dêrom wurdt it rekreaasjebe- leid der no yn opnommen. De mingde bestimming, sa't dy ek al opnommen wie yn it bestim mingsplan 1992, wurdt foarlein oan de kommisje fan oerlis. De gemeente kin net wachtsje oant de saak oer de permaninte bewenning fan rekreaasjewenten juridysk hielendal útiten is. Dat wurdt wol nei de simmer en dat is net goed foar in protte minsken yn Terherne, dy't no ek wolris dúdlikheid hawwe wolle. Janse (FNP): Freget oft er it goed begrepen hat dat yn 1992 foar alle wenten yn de Herne, de Achte, Utbuorren en Louwer om 'e Tún fêstlein is dat de bestimming permanint en rekreatyf Wethâlder Bouma: Lést stikken út 1992/1993 foar wêryn't stiet dat permaninte bewenning op dy plakken tastien is. De diskusje komt mei in pear moannen hoe't de minsken dér ynbe- stimd wurde moatte. Dat is in oare diskusje as dy oer it fêststellen fan it bestimmingsplan Terherne. Der binne yn it ferline brieven nei de minsken gien dy't dúdlik genôch binne oer de permaninte bestimming. Van der Meulen (CDA): Begrypt dat de ried allinne beslute kin permanint en rekreatyf. Wethâlder Bouma: Dat is krekt. Freget mefrou Dekker nochris nei har opmerking oer de rek reaasjewenten. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA wol gjin 'binnenplanse' frijstellingsmooglikheid op dat plak. Der moatte gjin fakânsjewenten op Oan 'e Poel komme. Wethâlder Bouma: De 'binnenplanse' frijstelling jildt net foar Oan 'e Poel. Yn it vigearend bestimmingsplan jildt de maksimale oerflakte fan 120 kante meter foar fakânsjewenten. Yn it nije plan is dat 70 kante meter wurden. De algemiene regels fan de minister (fan de situaasje fanôf in bepaalde datum útgean, oan de persoan bûn, ensfh.) dy komme letter yn de diskusje oan de oarder en spylje net in rol yn dit stik. It kolleezje stelt foar de strâncamping in maksi- mum fan 50 sjalets foar, ynklusyf de 9 yllegale sjalets. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste op fersyk fan de ried foar 10 minuten. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Mefrou Dekker (PvdA): Der is mear dúdlikheid kommen. Praat ek foar CDA, FNP en GB. It is wichtich dat it stik jûn goedkard wurdt. Dat kin mei de tasizzing fan de wethâlder dat de be- stimmingsplannen en de korrespondinsje oer de tasizzingen fan it kolleezje doedestiids oan de bewenners beskikber binne. De foarsitter: Begrypt dat de tasizzingen op dat punt helder binne. Pagina 12 04. Ferslach 17-02-2004/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 14