Mefrou Verkerk (VVD): De VVD fynt dat it stik sa net trochgean kin. Wiist noch op de tema- jûn oer kommunikaasje: men moat de tiid hawwe om de stikken trochnimme te kinnen. No wurdt men wer Onder druk set om in beslissing te nimmen. Dêrfoar binne der noch te folie ûndúdlikheden. Wethâlder Bouma: De ried hat seis it beslút nommen op de kommisjegearkomste om it jûn te behanneljen. Der binne net nije stikken oanlevere, mar der binne reaksjes fan minsken bin nenkommen. De foarsitter: Freget oft de ried in tredde termyn wol. Tredde termyn Mefrou Verkerk (VVD): Sjocht it as in ynterrupsje. Yn de kommisjegearkomste woe de VVD der ek mear oer prate. Under tiidsdruk is it as A-stik nei de ried gien, mar mei de gedachte om it op de riedsgearkomste as B-stik te agindearen om deroer prate te kinnen. De VVD hie der in better stik fan meitsje wollen. Wethâlder Bouma: Der is no twa oeren oer praat. In missing link hie tuskentiids wol (telefo- anysk) meld wurde kinnen. Dan wie it antwurd wol útsocht. De foarsitter: Stelt fêst dat de mearderheid fan de ried ynstimt mei de notysje mei ynacht- nimming fan de tasizzingen. De VVD wol achte wurde tsjinstimd te hawwen. SOnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 17. Slute De foarsitter freget eventuele suggestjes oer de seal troch te jaan. Betanket elkenien foar de oanwêzigens en slút de gearkomste om 23.45 oere. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 16 maart 2004. de griffier, de foarsitter, Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers likernóch 20 minsken V. Pagina 13 04. Ferslach 17-02-2004/absh/l 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 15