Pagina 4 De hear De Jong (CDA): Wat docht it kolleezje mei de oprop om de Europeeske flagge fanôf 3 maaie permanint te flagjen? Punt 11: Mefrou Troost (GB): Vraagt of zij het juist begrepen heeft dat dit punt (Halbertsmafilla) in maart weer op de agenda komt. Punt 10: De hear Bijlsma (FNP): Wol de fraach dy't yn dit stik leit graach meinimme by de takendiskus- je. De foarsitter: It flaggeprotokol sil yn de kommisje oan de oarder steld wurde. De griffier: Het is niet mogelijk vanwege te weinig tijd voor ambtelijke voorbereiding en reac tie van het college om punt 11 als voorstel in maart op de agenda van raad en commissie te plaatsen. De foarsitter: Konkludeart dat de ried oan it fersyk fan de hear Bijlsma foldwaan wol. 7. Foarstel oangeande fasilitearing Friese Programmaraad De hear Roorda (PvdA): Yn 1995 hat de gemeente de kabeloandielen ferkocht. Yn 1997 kaam de mediawet, dy't programmarieden foarskreau dy't as taak hienen om oer it program- ma-oanbod te advisearen en de konsumint te beskermjen tsjin de kabeleksploitanten. De pro- grammaried wurdt lykwols net serieus nommen troch UPC. Dêrom stipe foar fasilitearen fan de programmaried. Mar it moat wol sin hawwe. Wol wethâlder Van den Berg freegje om mei har oare kollega's yn de regio it belang fan de programmaried by UPC nei foaren te bringen. De eksorbitante ferheging fan de tariven (22%) kin dêrby ek oan de oarder steld wurde. De bydrage fan de gemeente is net heech en hy wol it út de post ûnfersjoen helje, lykas de FNP dat yn de kommisje ek foarsteld hat. De hear Bijlsma (FNP): Soe it idee fan de PvdA wol stypje wolle. Freget him óf wat foar foech sa'n programmaried eins hat. De evaluaasje sil dêr mear ynsicht yn jaan moatte. De 950 net út de sosjaal-kulturele aktiviteiten, mar út de post Onfersjoen. De hear Bouma (VVD): De VVD hat yn de kommisje ek al fragen steld oer de hege tariven en it hanneljen fan UPC. Mei it ferkeapjen fan de kabel, is ek it foech weijûn. Ut jurispredinsje docht bliken dat gemeenten gjin fet op UPC hawwe. Hat dan ek net in hege pet op fan it foech fan de programmaried foar UPC oer. Fynt dat it gjin sin hat om hjirfoar jild beskikber te stellen. De programmaried kin wol opheven wurde. Fynt it oars sûnde fan jild en tiid. Wethâlder Van den Berg: De programmaraad is een wettelijke verplichting. Er hebben zich mensen voor beschikbaar gesteld en die verdienen de steun voor hun werk voor de gemeen schap. Vindt het voorstel van de PvdA sympathiek en wil in het college overwegen om dit op gepaste wijze met ambtelijke ondersteuning en in overleg met de programmaraad te onder zoeken. Het direct zo uitvoeren als de PvdA voorstelt, zou een motie van wantrouwen jegens de programmaraad kunnen betekenen. De hear De Vries (PvdA): Hoe kin men it as moasje fan wantrouwen sjen as in groep fan wet- hâlders it belang fan de programmaried ûnder eagen fan UPC bringt? Wethâlder Van den Berg: Het mag de mensen van de programmaraad niet het gevoel van een motie van wantrouwen geven. Met een stukje inkomen kan de programmaraad geholpen wor- 04. Ferslach 17-02-2004/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 6