Pagina 5 den om een vuist te maken richting UPC. Als de raad de bijdrage uit de post onvoorzien wil halen, heeft het college daar op zich geen probleem mee. Twadde termyn De hear Bouma (VVD): UPC hat net de wil om mei te wurkjen. En dan hat it gjin doel om dêr jild foar beskikber te stellen. De hear Van der Meulen (CDA): UPC lûkt him neat fan de programmaried oan. Men moat jin ôffreegje oft men it sa noch oan de gong hâlde wol. De útspraken fan de rjochter jouwe UPC gelyk. Hy hat twifels oer it fasilitearen fan de programmaried. It is sneu foar de minsken dy't har derfoar ynsette. De hear Bijlsma (FNP): Mei 9 gemeenten stiet men steviger foar UPC oer. De programmaried kin krekt wolle wat motivaasje brûke. Jannewaris 2005 is in goed momint foar evaluaasje. Docht no it foarstel om út de post ûnfersjoen te heljen. De hear Roorda (PvdA): It is in wetlike plicht. Yn 2000 is nochris it dwaan en litten fan de kabeleksploitanten evalueard en dêr die út bliken dat de kabeleksploitanten in monopolyposys- je hienen. De gemeenten moatte foar de publike saak stean. De wethâlder moat der wol stal oan jaan mei oare wethâlders. Fynt de opstelling fan de VVD te defaitistysk. De hear Bouma (VVD): Soe it as realistysk kwalifiseare wolle. De hear Roorda (PvdA): De Onfrede oer it monopolistysk gedrach moat by UPC op tafel kom- me. Wethâlder Van den Berg: Zal de suggestie van de PvdA om met de andere colleges in overleg met de programmaraad de zaak te bespreken overnemen en de raad daarover informeren. Men kan de vrijwilligers niet in hun hemd laten staan door nu geen geld beschikbaar te stel len. In het komende jaar zal gezien de uitspraken van de rechter bekeken moeten worden of het zinvol is dat het een wettelijke plicht is. Het college haalt het geld uit de post onvoorzien. De foarsitter: Stelt fêst dat de ried eksklusyf de fraksje fan de VVD mei it foarstel ynstimt. Sa wurdt besletten. 8. Foarstel ta it wegerjen fan de bou-oanfraach en it frijstellingsfersyk foar de bou fan in op- slachromte foar fiskerijmateriaal op it perseel De Slûs 1000 te Terherne De hear Soeten (PvdA): It is in dik dossier. De hear De Vries hat twa kear ferhúzje moatten. Yn 1994 naam it kolleezje de ynspanningsferplichting om mei de fisker ta in oplossing te kommen. Dy is der no noch net. De Vries moat by syn bedriuw wenje. Der binne yn Terherne gjin alternativen foar ferpleatsing. Kin art. 17 fan de WRO net fan tapassing wêze? As it kol- leezjefoarstel oannommen wurdt, binne dan alle mooglikheden foar it bouwen op de Slûs 1000 foar de hear De Vries út byld? Neffens De Vries soe der wol in mooglikheid foar in net- teskuorre wêze. Is dat sa? De wethâlder hat yn de kommisje tasein dat der in oplossing komme soe. Hoefier is it dêrmei? De hear Van der Sluis (VVD): Wol earst witte wat út it oerlis fan de wethâlder mei Deputearre Andriesen kommen is. Slút him oan by de wurden fan de hear Soeten. De fisker heart dêr en net op in yndustryterrein. Der moat in oplossing op dat plak komme, miskien tydlik salang oft De Vries dêr syn fak útoefent. 04. Ferslach 17-02-2004/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 7