De hear Van der Meer (GB): Deze hardwerkende zelfstandige verdient het zijn bedrijf te kun nen uitoefenen met alle middelen die daarbij horen. In 1998 is er een overeenkomst met de gemeente gesloten voor het uitoefenen van zijn beroep als visser op die plaats. Er kan een onderscheid gemaakt worden naar de pure visserij en andere bijkomende activiteiten. Voor de visserij heb je een nettenschuur nodig. Die zou hier ook zeker als een soort cultureel erfgoed passen. Vraagt de wethouder om voor het gedeelte van de pure visserij een adequate be drijfsvoering mogelijk te maken. De hear Janse (FNP): De gemeente hat de fisker yn it ferline goed ter wille west, mar hy kin syn wurk op dit plak net goed útoefenje. Dat hie op de oare plakken ek net kinnen. It is in les- tige saak foar de wethâlder en foar de fisker is it in tryste saak. Natoer, miljeu en wetterste- atsdoeleinen litte aktiviteiten op dat plak hast net ta. Dêrom stipe foar it foarstel. Dat mei lyk- wols net de ein fan it oerlis wêze. Is net tsjin op in netteskuorre. De hear De Jong (CDA): It is eins in gedoochfergunning. De netten moatte der droege wurde kinne. Dat kin mei de nije netten net yn de sinne. It RVV hat gjin maten fêststeld. De Vries moat de mooglikheid hawwe, lytsskalich, syn berop dêr útoefenje te kinnen. It CDA kin sa net mei it foarstel akkoart gean. Wethâlder Bouma: It giet om de oanfraach fan de fisker. Der is in oerlis mei de provinsje ta- sein. Op dit stuit wurde planologyske en juridyske aspekten útsocht. Hat mei de Deputearre en de hear De Vries om de tafel sitten. As der in goede oplossing fûn wurdt, dan wurdt dê- roer kontakt opnommen mei De Vries. Dy oplossing moat socht wurde op it wetter. Der kin net mei in art. 19 proseduere mei it fersyk ynstimd wurde. De hear Zijlstra (PvdA): Oant no ta is de miljeuhanthaving net tapast. Bart dat wol as it foar stel oannommen wurdt? Wethâlder Bouma: De ôfdieling miljeu sil der net op ôfstjoerd wurde, foardat der in oplossing fûn is. Tinkt oan in wenark, mar in oanfraach dêrta is noch net binnenkommen. De hear De Vries (PvdA): Freget oft de oplossing dy't deroan komt ek foar de fisker in aksep- tabele oplossing is. Wethâlder Bouma: Der sil earst mei de hear De Vries bepraat wurde moatte oft er mei de op lossing bedriuwsmjittich út de fuotten kin. De hear De Vries (PvdA): Nimt oan dat yn it petear mei de fisker in tal alternativen besprutsen binne. Is dat wat der oankomt in wurkbere oplossing? Wethâlder Bouma: Hy moat him yn de oplossing fine kinne. It moat foldwaan oan syn wen- wurkbestimming. In loads kin sa mar net. Der moat in oplossing komme op it wetter foar be- driuw en húshâlding. De art. 17 proseduere kin net tapast wurde. (Der wurdt dan foar 5 jier wat tastien mei foarútsicht op wat bestindichs). Wol de netteskuorre wol meinimme nei de provinsje. Miskien kin it plan juridysk-planologysk ferantwurde ferwurke wurde. En oars komt it wer nei de ried ta. De hear Van der Meer (GB): Hoe groot wordt de nettenschuur maximaal? Wethâlder Bouma: Maksimaal 30 kante meter en it moat ek noch foldwaan oan de flora- en faunawet. Pagina 6 04. Ferslach 17-02-2004/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 8