Twadde termyn De hear De Jong (CDA): Is bliid mei de ûnderhannelingen. In alle reedlikheid moat men ta in oplossing komme kinne. Kin dan akkoart gean. De hear Janse (FNP): Stipet it kolleezjefoarstel. Hat betrouwen yn de wethâlder dat it goed komt. De hear Van der Meer (GB): Vraagt een adequate oplossing voor het kunnen voortzetten van het bedrijf. In 1998 is er in de overeenkomst vastgelegd dat de locatie er is voor de uitoefe ning van het beroep, maar dat er geen bouwwerken mogen worden gebouwd zonder toe stemming van de gemeente. Het gaat puur om de bedrijfsuitoefening als beroepsvisser. Dan praat je toch over iets anders. Hij vraagt zich af of dan toch niet een mogelijkheid aanwezig is om iets op de wal te doen. Hij weet niet hoe de provincie hierover denkt, maar hij ziet bij de gemeente nog niet een aansluiting. De hear De Vries (PvdA): De gemeente besiket in oplossing te finen foar de ûndernimmer. As dat wat djoer útfalt fynt GB dan dat de gemeente byspringe moat? Dan komt der hiel wat op de gemeente óf. De hear Van der Meer (GB): Het is niet de bedoeling om oplossingen te zoeken die de ge meente geld kosten. Een opslagloods is volgens hem niet helemaal uitgesloten. De hear Van der Sluis (VVD): De fisker moat holpen wurde. De wethâlder moat har uterste bést dwaan om foar in goede oplossing te soargjen. De hear Soeten (PvdA): De wethâlder hat in werkbere oplossing foar de hear De Vries tasein en dy sil der binnen twa moannen komme. As de wethâlder dat taseit, komt der gjin amen- demint. Wethâlder Bouma: In opslachloads is foar fiskerij-ark. Dat kin dêr net, mar oer in netteskuorre sil noch mei de provinsje oerlein wurde. It moat net te djoer wurde en it moat de gemeente gjin jild kostje. Wol har leaver net fêstsette op twa moannen. De hear De Jong (CDA): As de wenark der komt, dan kin de grutte boat der wei. Bart dat ek? Wethâlder Bouma: Dat wurdt allegearre noch útsocht. En dêrby kin de boat ek diel útmeitsje fan de oplossing. Mefrou Dekker (PvdA): Yn it foarstel steane saken dy't net kinne. As de ried mei it foarstel ynstimt, dan wurde dy stânpunten fan it kolleezje Onderskreaun. It kin in beheining wêze foar in mooglike oplossing. Dêrom it foarstel weromlûke. Wethâlder Bouma: it stik is yn de kommisje behannele yn jannewaris en leit no foar yn de ried. It is net ferstannich it oan te hâlden. De foarsitter: De ried wol ûnderstreekje dat de der in oplossing komme moat en kin dêr ek in termyn oan ferbine. De hear De Vries (PvdA): Freget om in koarte ûnderbrekking. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste in momint. Pagina 7 04. Ferslach 17-02-2004/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 9