BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 16 maart 2004 om 20.00 oere yn de kantine fan de OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries en J Zijlstra en J. Roorda fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N. Boringa, J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: mefrou E. Verkerk, de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij en G. de Jong fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma mefrou J. Bouma-van den Brink en de hearen Y. Dijkstra en H.A. Jonkers Mei kundskip ôfwêzich: de hear D. van der Meulen (CDA) 1. lepening. De foarsitter hyt elkenien in wolkom. De opstelling is noch in eksperimint en dat jildt ek foar it lûd. Reaksjes dêroer binne wolkom yn it presidium. Der is in moasje fan VVD en FNP binnen kommen. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Dêr wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. De foarsitter: Stelt foar om de moasje oan de ein fan de aginda te pleatsen. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 17 febrewaris 2004. De hear Van der Meer (GB): Het gaat over pagina 7 alinea 3. Daar staat dat hij 'vraagt of er toch een mogelijkheid voor een voorziening op de wal is.' Dit had z.i. moeten zijn: 'Ik vraag me af of er dan toch niet een mogelijkheid aanwezig is om toch iets op de wal te doen Ik weet niet hoe de provincie hierover denkt, maar ik zie bij de gemeente nog niet een uitslui ting. De foarsitter: Mei dy wiziging wurdt it ferslach goedkard en fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Punt 11: ^°0rda (PvdA,: !t wurk fan de stichting Flechtlinge Wurk Boarnsterhim is tige wich- tich. Sûnder subsydzje wurd it problematysk. Wol graach dat it kolleezje der omtinken oan jout en in reaksje fan it kolleezje weromsjen. 04. Ferslach 16032004/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 3