INISJATYFUTSTEL I Underwerp: It mear brûken fan it Frysk yn de kommunikaasje fan de gemeente Boarnsterhim, wêrûnder dy op ynternet. Utstel: De fraksje Êin de FNP yn de gemeente Boarnsterhim steh it folgjende út: 1. dat der mear en better omtinken jûn wurdt oan de korrespondinsje en de kommunikaasje ynit Frysk 2. dat der nei stribbe wurdt om 25 fan de stikken foar de kommisjes en de ried yn it Frysk te bringen 3. dat op ynternet de hiemside fan de gemeente Boarnsterhim ek yn it Frysk oanbean wurdt en dat derfoar gebrûk makke wurdt fen it oanbod fen Nynke Beetstra. Ynlieding. Yn 1996 hat de gemeenteried fan Boarnsterhim de nota Frysk taalbelied behannele en fêststeld. Yn dizze nota wie opnommen dat: - alle Frysktalige brieven yn it Frysk beändere wurde sille - alle brieven nei ferienings fen Pleatslik Belang yn ús gemeente yn it Frysk wêze sille - alle brieven nei de Provinsje yn it Frysk wêze sille - fan de kommisje- en riedsstikken 25 yn it Frysk wêze sil - de gemeente yn har represintaasje sjen litte sil, dat wy Frysktalich binne (kaartsjes, lokwinsken en oantsjuttingen) - de gemeente foar harren amtners Fryske kursussen fen de Afuk ynsette sil en dizze kursussen "yn de baas syn tiid" folge wurde kinne - dyjingen yn it amtlik apparaat, dy't it Frysk ek brûke, derfoar in gratifikaasje krije sille - der in twatalich belied fierd wurde sil, dat wol sizze dat der yn it skriftlik ferkear óf it Hollânsk brûkt wurdt óf it Frysk, mar net beide talen njonken elkoar (is dûbeldtalich). As fuortsetting fen dit belied waard yn maart 1998 de feroardering Frysk troch de ried fêststeld. Dizze feroardering regelt (û.o.) it oersetten fen Fryske stikken yn it Hollânsk as der om frege wurdt. Wat merkbite wy fen it stâl jaan fen dit belied? In lyts bytsje, want: - Frysktalige brieven wurde ornaris net yn it Frysk beändere - brieven nei de Ferienings fen Pleatslik Belang binne ornaris net yn it Frysk - de korrespondinsje mei de Provinsje Fryslân is ornaris yn it Hollânsk - de wurklisten fen de kommisjes en de ried binne yn it Frysk, de stikken ornaris net - der Hinne wol alle jierren gemeentlike Affik-kursussen mar der binne net folie amtners dy't it Frysk ek werklik brûke - der jildt by fakatueres gjin funksje-eask Frysk, ek net passyf - as it Frysk brûkt wurdt - bygelyks yn it jierferslach, it boargeijierferslach en útnoegings - dan is it meast dûbeldtalich - yn ferslaggen wurdt dat, wat yn it Frysk sein is, yn it Frysk opskreaun (wetlik fêstlein) - yn "Op 'e Hichte" wurdt praktysk gjin Frysk brûkt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 49