Pagina 2 De hear Bijlsma (FNP): Wol graach oer de ynkommen brief en it subsydzjefersyk yn de kom misje BMM nochris prate. Punt 10'. De hear Bijlsma (FNP): Yn dit gefal is de reaksje fan it kolleezje te flot. De ried moat earst fêststelle wat der mei de ynkommen brief barre moat. De foarsitter: Oer punt 10: Brieven wurde soms wolris nei it kolleezje en oare organen stjoerd. As dat hjir net it gefal west hat, dan hat de hear Bijlsma gelyk dat yn dit gefal it koHeezje te flot reageard hat. Oer it yn de kommisje besprekken fan de ynkommen brief ûnder nûmer 11 de griffier en de kommisjefoarsitter sille dat beprate. 6. Foarstel oangeande it fêststellen fan de Algemene Plaatselijke Verordening Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 7. Foarstel om it Beliedsferslach Sosjale Saken 2003 fêst te stellen. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 8. Foarstel oangeande it ôfhanneljen fan it beswierskrift fan 3 novimber 2003 rjochte tsjin it riedsfoarstel d.d. 11 novimber 2003 oangeande de eksploitaasje Spikerboor-UTD en Spiker- boor-Súd Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 9. Foarstel oangeande it ôfhanneljen fan it beswierskrift d.d. 22 desimber 2003 rjochte tsjin de beslissing fan de ried d.d. 11 novimber 2003 oangeande de eksploitaasje Spikerboor-UTD en Spikerboor-Súd. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel oangeande it ôfhanneljen fan it beswierskrift rjochte tsjin de ôfwizing fan ik fer- syk om planskea yn ferbân mei it pleatsen fan in brêge oer de Nauwe Galle te Grou Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11. Foarstel oangeande de "Toeslagenverordening Wet werk en bijstand (WWB)". Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12. Moasje WD en FNP Mefrou Verkerk (VVD): Elk riedslid is op de hichte fan de brief fan kolleezje oan Knol, wêryn t dizze sommeard wurdt om yn fjouwer wiken it terrein te ûntromjen en de bedriuwsaktiviteiten te stoppen. Is it reëel om yn fjouwer moanne te foldwaan oan de easken sûnder dat kontinui- teit yn gefaar komt? De VVD kin him der net fine. It tiidstip en de tiid dy't it bedriuw foar fer- pleatsing krijt goed. By neifraach by de provinsje docht blykt dat de ferpleatsing en de pro- blematyk dêrfan yn de provinsjale kommisje net oan de oarder west hat. Der is allinne mei amtners en de Deputearre praat. Dêrby is allinne nei de romtlike en net nei de maatskiplike ef- fekten sjoen. Hoe kin men der wat oan dwaan? Dat soe kinne mei in boargerinisjatyf mei mi nimaal 1500 hantekeningen. Dat soe de taak fan it doarp wêze moatte. De ried soe it ek op in oare wize oanpakke kinne. Lést dêrnei de moasje foar. De tekst is sa: "De Raad van Boarnsterhim bijeen op 16 maart 2004, In overweging nemende dat: u j i Het kennelijk niet lukt langs regulier overleg tot overeenstemming te komen het bedrijf Knol op een andere locatie in Aldeboarn te huisvesten; Knol een grote werkgever is in Aldeboarn en in de gemeente Boarnsterhim; Knol op advies van de gemeente een stuk grond heeft ge kocht voor een bedrijfsverplaatsing in Aldeboarn; De aangekochte grond in Aldeboarn ge- 04. Ferslach 16032004/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 4