3 t Frysk op de hiemside. Ut it foargeande mei dúdlik wurde, dat it brûken fân it Frysk - sawol munling as skrinlik - de gewoanste saak wêze moatte soe om't der Europeesk, lanlik en provinsjaal saken oer regele binne en de gemeente Boarnsterhim it ien en oar oan belied en feroarderings oer it brûken fen it Frysk fêststeld hat. Dit soe dan ek jilde moatte foar de hiemside op ynternet, by eintsjebeslút it besitekaartsje fen de gemeente Boarnsterhim. Nei it bestudeaijen fen de hiemside docht bliken, dat it om 32.567 wurden giet. Dat omnemet dan de folsleine hiemside, dus sawol it statyske as it aktuele part. Elk riedslid hat yn desimber in brief mei in oanbod hân fen Nynke Beetstra te Grou. Nei oerlis is sy ree om de folsleine hiemside fen de gemeente Boarnsterhim oer te setten foar 3332,- Euro, útgeande fen 35.000 wurden (0,08 Euro it wurd, ynklusyf 19 BTW). Ut ynformaasje docht bliken, dat it tafoegjen fan in Frysk part op de hiemside net al te dreech is en ek net folie tiid ferget. It moaiste soe wêze, dat der daliks oan it begjin fen de startpagina keazen wurde kin tusken Hollânsk en Frysk (sjoch derfoar de startpagina fen Tresoar). 3.2. It bvhâlden fan de aktuele ynformaasje vn it Frvsk. As de ried akkoard giet mei it yn ien kear oersetten fen alle ynformaasje (statysk en aktueel) yn it Frysk, dan sil de aktuele ynformaasje ek byholden wurde moatte. Dat giet lykwols by bytsjes en de fraksje fen de FNP is fen miening, dat it mooglik wêze moat om dizze taak mei eigen amtners op te fengen (sjoch ek argumint 1.4/2.2). Dan giet it om berjochten, ensfh. Tagelyk realisearret de fraksje fan de FNP him ek, dat by wannear't de kommisje- en rieds- stikken - werfen hooplik 25 yn it Frysk is - op de side pleatst wurde der in grut part fen yn it Hollânsk is. Dat hoecht om ús dan net allegearre oersetten te wurden! Der hat oerBs west mei: Alle leden fen de ried fen de gemeente Boarnsterhim hawwe kennis nimme kinnen fen dit inisjatyfutstel, ear't it yntsjinne is en op de wurklist pleatst is. Finansieel: De kosten fen it oersetten fen de statyske en aktuele ynformaasje fen de hiemside, sa as neamd punt 3.1 fen de arguminten, moatte betelle wurde út it budget eksterne kommunikaasje. Foar it byhâlden fen de aktuele ynformaasje op de Fryske side tinkt de fraksje fen de FNP, dat dêr gjin ekstra finansjele middels foar nedich binne. Ut namme fan de fraksje fen de FNP yn de gemeente Boarnsterhim, A. Bijlsma- fraksjefoarsitter.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 51