BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 20 april 2004. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. De hear Martens sprekt út namme fan pleatslik belang Wergea yn oer punt 7 fan de wurklist. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Yn ferbân mei it ynlûken fan de oanfraach ferfalt punt 12 fan de wurklist. Op fersyk fan de hear N. Boringa wurdt besletten om punt 15 fan de wurklist as B-stik te behanneljen en wurdt as punt 17 oan de wurklist tafoege de moasje fan GB2000, PvdA en de VVD oangeande it ferpleatsen fan it oerlaad-/bringstasjon yn Grou. Foar it oare konform fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 16 maart 2004. Mid. Konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. Konform fêststeld. 6. Foarstel oangeande it tsjinstferbân fan de griffier. Mid. Konform besletten. 7. Foarstel ta "herziening tracé omleiding Wergea in de Staandemast-route". WWR Konform besletten mei de tasizzing fan wethâlder Jonkers dat by de werbestemming fan de eastlike omlizzing rekken hélden wurdt mei de winsken lykas oanjûn troch de hear Martens út namme fan pleatslik belang Wergea. Teffens hat de hear Jonkers tasein by de westlike omlizzing, oan de noard-west kant fan Wergea, de rûte binnenyn de bênbridte safier as mooglik is op te skowen nei it noarden. 8. Foarstel ta it ynstellen fan in grûnkommisje. Mid. Ofwikend besletten. By amendemint wurde de folgende wizigings yn de oardering op de grûn- kommisje 2004 opnaam: kêst 2, lid 2 wurdt oanfold mei "ûnreplike saken"; kêst 4, lid 1 wurdt wizige yn "De grûnkommisje bestiet út leden fan de ried, eltse fraksje hat it rjocht 1 lid de fraksje foar te dragen; kêst 7, lid 3 wurdt wizige yn "De griffier kin frege wurde oanwêzich te wêzen by gearkomsten fan de kommisje. oan kêst 8, lid 1 wurdt tafoege "tredden". beslutelist 20 april 2004/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 52