Pagina 4 De hear De Vries (PvdA): Ferwachtet net folie kâns. De ried hat it kolleezje in deadline meijûn (31 desimber) It aspekt snelheid foar wentebou yn Aldeboarn is belangryk. Der moat gjin ûnnedige fertraging plakfine. Mefrou Troost (GB): GB wil ook Knol behouden voor de gemeente. De deadline is in december aangenomen. Daarom moeite met de motie. Kan meegaan als het geen vertraging oplevert voor de woningbouw en er dit jaar een einddatum vastgesteld kan worden. De hear De Jong (CDA): It CDA is it yn grutte halen mei de kolleezjepartijen iens. It CDA wol it bedriuw ek foar de gemeente behâlde. Hat ek in fraach oer de oankeap fan de grûn (op ad- vys fan de gemeente?). Hoefolle jild moat derby? De wentebou moat der net troch ophâlden wurde. De hear Bouma (VVD): Der is earder ek frege om in finansjeel oersjoch. Dy fraach is noch net beäntwurde. De yn de moasje foarstelde oplossing fait wol goedkeaper út. De hear De Jong (CDA): De fraach wie steld oan de opposysjepartij. Men wit dat blykber dus net. Mei de wentebou yn Aldeboarn kin Knol hiel wat jild genereare. Mefrou Verkerk (VVD): Der moat jild by as Knol nei Akkrum moat en as it bedriuw yn Alde boarn bliuwt net. De hear De Jong (CDA): De óf spraak hat west dat de subsydzje allinne by komplete ferpleat- sing takend wurdt. De foarsitter: Stelt de yntsjinners fan de moasje yn de gelegenheid om de fragen te beänt- wurdzjen Mefrou Verkerk (VVD): Knol hat op advys fan de gemeente de grûn kocht. Sy hawwe mei de gemeente sjoen nei bedriuwsaktiviteiten en ek mei PB oerlis hân. De provinsje hat it ôfwiisd. Oarspronklik soe Knol achter it yndustryterrein komme, mar dat is net geskikt omdat dêr gjin klaailaach is. Op it oare plak wol. Yn Akkrum is ek ferhurding nedich (sonearingsûndersyk) Der moat wat barre. Men moat in termyn stelle, mar fjouwer wike is te krap. De ried kin ek in termyn stelle. De hear De Vries (PvdA): Is dy termyn net al steld? Mefrou Verkerk (VVD): De termyn wie steld dat it kolleezje der mei Knol útkomme soe, mar dat net dat it terrein fuort leech is. Knol wol dat de bestimmingsplanwiziging ynset wurdt om de wentebou net ûnnedich op te kearen. As Knol dêr bliuwe kin is der gjin finansjeel tekoart. Wethâlder Bouma: Giet it oer it earste of twadde part (fraach fan de hear Janse)? It kolleezje docht saken mei Deputearre Steaten en de ried mei Provinsjale Steaten. Dêr giet de ried seis oer. It Ontrieden fan de moasje slacht dus op om de bestimmingsplanopdracht. De hear Janse (FNP): De ried moat mei elkoar de moasje oannimme. Dêrom wol de FNP it lés te punt (opstarten bestimmingsplanproseduere) wol weilitte. Dat jout dus wol fertraging. Wiist op it wichtige ferbên dat Knol mei Aldeboarn ferbynt. De sosjale bining fan it bedriuw soe ferdwine as it nei Akkrum giet. Men moat in berop op Provinsjale Steaten dwaan sadat Knol foar in part of gehiel yn Aldeboarn bliuwe kin. De foarsitter: Freget de yntsjinners fan de moasje om taljochting op punten yn de moasje. 04. Ferslach 16032004/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 6